Fietselfstedentocht voor het eerst tot 22.00 uur te volgen bij Omrop Fryslân

Algemeen
Foto: Omrop Fryslan
Foto: Omrop Fryslan

Fryslan - Pinkstermaandag is de dag van de Fietselfstedentocht. Omrop Fryslân volgt de fietsers in hun 235 kilometer lange tocht van Bolsward tot Bolsward. Voor het eerst is de tocht tot 22.00 uur live te volgen via radio, televisie en online bij Omrop Fryslân, RTV NOF en Omroep Zilt.

Vanaf 08.00 uur doet Omrop Fryslân verslag van het fietsevenement op radio, online en televisie. Ochtends eerst vanuit Dokkum wanneer de deelnemers net onderweg zijn. Middags wordt er gekeken bij de stempelpost in Oudemirdum. Er wordt gepraat met de fietsers en het publiek. Verder is Timo Jepkema op pad als de vliegende verslaggever om in de verschillende steden het evenement vast te leggen.
 
Motorcamera
 
Op televisie en op de website en app zijn de hele dag beelden van de fietsers te zien. Simone Scheffer, onze fietsende verslaggever, fietst ook dit jaar weer mee in de tocht. Nieuw dit jaar is dat Simone wordt gevolgd door een motorrijder die haar tijdens de tocht filmt. Op deze manier kan Simone nog beter verslag doen rechtstreeks vanuit de tocht.
 
Tot 22:00 uur
 
Iedereen kan dit jaar voor het eerst de tocht tot 22.00 uur live volgen bij Omrop Fryslân. De laatste fietser wordt om 21.55 live binnengehaald.
De Fietselfstedentocht wordt uitgezonden in samenwerking met RTV NOF en Omroep Zilt op Pinkstermaandag, 29 mei. Vanaf 8.00 uur is de tocht te volgen bij RTV NOF, Omroep Zilt en Omrop Fryslân via radio, telefyzje en online.
 
Fries: 
 
Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht. Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. Foar it earst is de tocht oant 22.00 oere live te folgjen fia radio, telefyzje en online by Omrop Fryslân, RTV NOF en Omroep Zilt.
Fan 08.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio, online en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei wannear’t de dielnimmers krekt ûnderweis binne. Middeis wurdt der sjoen by de stimpelpost yn Aldemardum. Dêr wurdt praat mei de fytsers en it publyk. Fierder is Timo Jepkema op ‘en paad as de fleanende ferslachjouwer om yn de ferskate stêden it evenemint fêst te lizzen.
 
Motorkamera
 
Op telefyzje en op de webside en app binne de hiele dei bylden fan de fytsers te sjen. Simone Scheffer, ús fytsende ferslachjouwer, fytst ek dit jier wer yn de tocht mei. Nij dit jier is dat Simone folge wurdt troch in motorrider dy’t har de hiele de tocht filmet. Op dy wize kin Simone noch better ferslach dwaan streekrjocht fan de tocht út.
 
Oant 22:00 oere
 
Eltsenien kin dit jier foar it earst de tocht oant 22.00 oere live folgje by Omrop Fryslân. De lêste fytser wurdt om 21.55 oere live binnenhelle.
De Fytsalvestêdetocht wurdt útstjoerd yn gearwurking mei RTV NOF en Omroep Zilt op Pinkstermoandei, 29 maaie. Fan 08.00 oere ôf is de tocht te folgjen by RTV NOF, Omroep Zilt en Omrop Fryslân fia radio, telefyzje en online.