Geveltúntsjes foar it Harspit

Algemeen
Afbeelding

Toppenhúzen- Behearder Anne Visser hie it Harspit oanmelden by stichting Steenbreek, in projekt fan gemeente Súdwest-Fryslân foar mear grien yn de buert, ek ast gjin tún hast. Dan kin bygelyks in geveltún in opsje wêze.

De geveltúntsjes fan it Harspit binne fergees oanlein troch de gemeente en de beplanting is betelle mei in bydrage út it lyts kearnenfûns en troch doarpsbelang. Foar nul sinten mear bioferskaat en in fleuriger oansicht fan it Harspit!

Boarne: https://www.topentwelonline.nl