Kollum Eelke Lok: Damhert

Algemeen
Afbeelding

Gjin nijmoaderich gedoch mei wintermerken en fakkeloptochten yn de ein fan it jier yn Ketlik. 

Mar at se it earste glês heffe by it útwrydsk besoargje litten krystdiner klinkt it gebeier fan de klokken yn de klokkestoel. De jongerein ferjeit dan kweade geasten; dat komt der by ús efkes net fan tusken de fulde salm en it gourmetten troch.

Yn it bosk stiet in tal damherten nei de jonges te sjen, opskrikt troch it leven wat dy mannen út de klokken helje. Mar dan komt der in pensioneard damhert en dy wrikt mei de kop. Hjirwei! De jonge damherten springe him fleurich nei. Dan bliuwt de âlde stean en sprekt it jongfolk ta:

“Jonges en famkes, dy klokken wurde lieden troch minsken. En minsken bin frjemd. Se ride yn auto’s en fege sá hurd de Skoaterlânskewei oer, dat lêsten in omke fan jim oan flarden riden waard. De auto goed stikken, omke dea. Jim omke seach in moai frommis-damhert oan de oare kant en wie sa geil dat er sûnder te sjen de dyk oerstutsen is. Dat bart wol faker.”

“Mar no ha dy bisten op twa poaten, minsken, betocht dat se 300 fan ús ôfsjitte wolle. Want wy fine it tige gesellich mei syn allen yn dizze moaie omjouwing, mar sy meie fan Hugo gjin massale dingen dwaan en no gunne se dat ús ek net. En se wol harren auto net stikken ha.”

“Der bin ek, dy’t net wolle dat dy 300 sketten wurde. Sels Age Hartsuiker hat de tige yntelliginte (…) fraach steld at der wolris klachten komme oer oerstekkende geile omkes. En hy freget de gemeente wat oars te dwaan as sjitte, al seit hy net wat.”

“Hy jout as âld-wethâlder in iepeninkje, oerlis mei de provinsje. Hy krige gelyk, want de provinsje seit dat se it noch marris goed  bestudeare moatte. Dat is altyd it andert fan minsken at se eat net witte. Dat betsjut dat we noch wol twa jier rûnhuppelje kinne. Hâld jim kûm, wês net geil. Mar tink derom: klokken liede is it begjin fan de krystdiners. Bring se net op in idee!”

Eelke Lok