Kollum Eelke Lok: Gemeentestadion

Algemeen
Afbeelding

KOLLUM - Gemeentes bin tsjintwurdich suver kommersjele bedriuwen. Dy moatte útstrieling ha. De gemeente Hearrenfean hat dêroer no in beslút naam, wêr at se in soad spyt fan krije kinne. Wylst de grûngedachte mear dan foartreflik is.

De gemeente studearret nammentlik al twa jier wêr at se harren amtners te plak sette moatte. It offisjele gemeentehûs Crackstate moat opkwikt wurde; soks duorret wol in pear jier. De romte dêrefter foldocht ek al net mear fanwege klimaat, arbo en duorsemens. Je kin dat ek ferboue.

Dat doch je net mei sa’n kloaterich gemeente-ûnderkommen. Dus dat moat hielendal plat. Dan kin je der better apparteminten fan meitsje. Dêr is de gemeente wol ree ta. Wêr moat je dan mei je amtners en bestjoerders hinne? It Oranjewâld? Dêr stiet wol wat te keap. Mar de gemeente hat sels bepaald dat je dêr net by boue meie.

En ynienen seine de studearders: it Abe Lenstrastadion. Te deale, dat we dêr net earder oan tocht ha. Al is it mar tydlik. Abe wie ommers eartiids ek amtner. Dêr siet earst in soarchfersekering yn is stadion, mar dy bin al in pear jier fuort. Dus, hup, dy amtners dêryn, neffens my stie dêr hiel wat leech. Wat in útstrieling: ferneamde fuotbalklub en sportgemeente yn ien stadion/gemeentehûs.

Dan kin de gemeente ek moai meibetelje oan dat stadion dat fan Sportstad en dus fan harsels is. Faaks kin de sc Heerenveen dan ek wol wat minder betelje. Omt der tink ek wat fan dy geweldige mar sa linkendewei oerstallige sponsor- en  horekaromtes fan de fuotbalklub ferboud wurde moatte ta kantoaren. Geweldich!

Inkeld, at dy amtners der komme is sc Heerenveen al degradeard. En dan is de measte útstrieling wol fuort. Want mei harren hjoeddeiske finansjele en technysk belied komme se ek nea wer út dy earste divyzje wei. Sterker, dan bin se nei in jier ek fallyt. En dan is der hielendal gjin útstrieling mear. En dan is it Abe Lenstrastadion ferwurden ta in gemeentlik ûnderkommen, wêrby de amtners tusken  de middei in baltsje traapje kinne op it frij romme sintrale gêrsfjildsje.

Eelke Lok