Nieuwjaarsboodschap burgemeester Jannewietske de Vries

Burgemeester de Vries op archieffoto, in maart 2020 toen er nog lachend een 'elleboogje' werd gegeven. Niet beseffend dat het zo lang zou gaan duren met de pandemie.
Foto Henk van der Veer

SNEEK- Hieronder de ‘Nieuwjaarsboodschap’ van burgemeester Jannewietske de Vries van de gemeente Súdwest-Fryslân.

 

In jier mei twa gesichten

Bêste ynwenners fan Súdwest-Fryslân,
No’t 2021 hast op ’e ein is, sjogge wy werom.
It wie in jier mei twa gesichten.
Mei in soad moannen dy’t bepaald waarden troch koroanamaatregels.
En in perioade mei faksinaasjes en it hast folslein ferdwinen fan maatregels.
In perioade fan optimisme en foarútsjen.
Fan foarsichtich dreame fan in wrâld dy’t net mear sa ûnder ynfloed fan koroana stiet.
En no hawwe wy op ’e nij in perioade fan lockdown.

It falt in soad fan ús dreech. Fan jong oant âld.
Undernimmers, frijwilligers. De kulturele sektor en sportferieningen.
Elkenien moat him wer oanpasse.

Troch alles hinne witte wy ús te rjochtsjen op ’e ljochtpuntsjes.
Fan it reedriden oan it begjin fan it jier.
It toerist yn eigen lân wêzen. Wy wisten fansels wol dat wy yn it moaiste hoekje fan Nederlân wenje.
Mar wy hawwe dit jier better as ea tefoaren ús Súdwesthoeke mei nije eagen sjoen.
Ik wie ek hieltyd wer ûnder de yndruk fan ’e kreative oplossingen dy’t wy mei-inoar betocht hawwe. It binne de lytse dingen dy’t it libben moai en weardefol meitsje.

Ik gun ús allegearre wat mear bewegingsfrijheid yn it kommende jier.
Om de dingen dy’t no net kinne wer op te pakken.
Om te ûndernimmen, mei-inoar te genietsjen fan in evenemint, de sfear te belibjen by in moaie foarstelling.
Ik sjoch der nei út om mei nije enerzjy oan ’e slach te gean yn 2022.
Om mei-inoar in boost te jaan oan Súdwest-Fryslân.
En jo wer te moetsjen yn it nije jier.
Us mienskip is sterk, ik wit dat wy dit kinne.
Foar de grutte, soms wrâldwide, útdagingen dy’t foar ús lizze, fine wy oplossingen dy’t wurkje foar Súdwest-Fryslân.
Dy’t passe by ús. Allinnich mei-inoar komme wy fierder.

Ik winskje jo in moai en benammen sûn 2022 ta, mei in soad ljochtpuntsjes.
Pas goed opinoar.

Jannewietske de Vries, boargemaster Súdwest-Fryslân

Een jaar met twee gezichten

Beste inwoners van Súdwest-Fryslân,

Nu 2021 bijna voorbij is, kijken we terug.
Het was een jaar met twee gezichten.
Met veel maanden die werden bepaald door coronamaatregelen.
En een periode met vaccinaties en het bijna volledig verdwijnen van maatregelen.
Een periode van optimisme en vooruitkijken.
Van voorzichtig dromen van een wereld die niet meer zo onder invloed van corona staat.
En nu hebben we opnieuw een periode van lockdown.

Het valt velen van ons zwaar. Van jong tot oud.
Ondernemers, vrijwilligers. De culturele sector en sportverenigingen.
Iedereen moet zich weer aanpassen.

Dwars door alles heen weten we ons te richten op de lichtpuntjes.
Van het schaatsen aan het begin van het jaar. Het toerist zijn in eigen land.
We wisten natuurlijk wel dat we in het mooiste hoekje van Nederland wonen.
Maar we hebben dit jaar beter dan ooit tevoren onze Zuidwesthoek met nieuwe ogen gezien.
Ik was ook steeds weer onder de indruk van de creatieve oplossingen die we samen hebben bedacht.
Het zijn de kleine dingen die het leven mooi en waardevol maken.

Ik gun ons allemaal wat meer bewegingsvrijheid in het komende jaar.
Om de dingen die nu niet kunnen weer op te pakken.
Om te ondernemen, samen te genieten van een evenement, de sfeer te beleven tijdens een mooie voorstelling.
Ik zie ernaar uit om met nieuwe energie aan de slag te gaan in 2022.
Om samen een boost te geven aan Súdwest-Fryslân.
En u weer te ontmoeten in het nieuwe jaar.
Onze gemeenschap is sterk, ik weet dat we dit kunnen.
Voor de grote, soms wereldwijde, uitdagingen die voor ons liggen, vinden we oplossingen die werken voor Súdwest-Fryslân.
Die bij ons passen. Alleen samen komen we verder.

Ik wens u een mooi en vooral gezond 2022, met veel lichtpuntjes.
Pas goed op elkaar.

Jannewietske de Vries, burgemeester Súdwest-Fryslân