Nijsbrief Súdwest-Fryslân

SNEEK- De Gemeente Súdwest-Fryslân ropt ynwenners op om harren oan te melden foar de fernijde Nijsbrief Súdwest-Fryslân. Yn sa'n grutte gemeente mei rom 90.000 ynwenners is it wichtich dat nijs en ynformaasje oer gemeentesaken by safolle mooglik ynwenners telâne komt. No binne it foaral de wyk- en doarpsbelangen dy't in abonnemint hawwe, mar de digitale nijsbrief, dy't eltse moanne ferskynt, is ek bedoeld foar de ynwenners. 

Op de hichte bliuwe? Klik dan op de link nijsbrief om dy fuortendaliks oan te melden! Namme en e-mailadres binne genôch. Wol sa maklik!

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Groot Fryslân

Wees loyaal – aan onze vrienden