Simmer yn Fryslân komt nei Riis en de Jouwer

Algemeen
Byld Omrop Fryslân
Byld Omrop Fryslân

DFM - Yn it programma ‘Simmer yn Fryslân’ makket Omrop Fryslân in toer troch ús provinsje. Se strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer? Is it dit jier in bysûndere simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of wyk?

Op 21 july komt it programma nei Riis en op 26 augustus binne se op’e Jouwer.

Oerdei is it programma te folgjen fia radio, mei ferskate bydragen yn alle programma’s.
Jûns om 17.15 oere, en dêrnei om ‘e healoere, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.