YNSTJOERD: FNP De Fryske Marren: “Sil it paad Omkromte no einliks iepen gean foar kuierders”?

Algemeen
Foto FNP
Foto FNP

De FNP fynt dat it no tiid wurdt dat de Omkromte wer frij tagonklik wurdt. Ek de kommisje Beswier en Berop fan de provinsje hat konkludearre dat de Omkromte iepenbier is. Derom stelt de fraksje fragen oan it Kolleezje fan B&W. De fraksje freget it Kolleezje om earst yn elk gefal de stekken en oare barrikades fuort te heljen, sa dat it paad wer troch kuierders brûkt wurde kin.

Op 28 oktober 2020 hat de ried fan De Fryske Marren besletten dat de Omkromte iepenbier bliuwt. De fraksje freget har ôf wat foar stappen de gemeente naam hat nei dat beslút. Fraksjelid Gerda de Vries: ‘Nei it beslút dat de singel Omkromte iepenbier is en bliuwt, is it stil bleaun. It is no mear as sân moanne lyn en noch stean der stekken foar it paad’. Neffensde fraksje kinne as earste de stekken en oare opstakels fuorthelle wurde. Dêrnei kin de gemeente en de omwenners yn petear om de singel wer yn âlde gloarje werom te bringen.

It al dan net iepenbier wêzen fan de Omkromte is in langslepende kwestje. Yn novimber
2019 hat de ried ek alris besletten dat de Omkromte iepenbier is en ek bliuwt. Dit neidat de Rjochtbank yn Grins en dêrnei ek de Raad van State har hjir oer út sprutsen hawwe en de iepenbierheid fan de singel befestigen. Neffens Gerda de Vries wurdt it no wol tiid dat de gemeente hanthavenet, en dizze kwestje ôfsletten wurde kin.