Betinking Slach by Warns op sneon 23 septimber
WARNS - Takom 23 septimber om 13.45 oere fynt de 76ste betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif plak. It téma is dit jier: De frije sûne Fries.
Antropologe Anne-Goaitske Breteler sil sprekke oer de betsjutting fan de Fryske identiteit en de wize wêrop dizze Friezen sûn en fearkrêftich makket, of just ek net. Amateur-archeolooch Robbert Velt sil in petear hâlde oer syn fynsten en wat se fertelle oer de yndividuele frijheit yn it midsieuske Fryslân. Sjonger-sankje-skriuwer Marcel Smit sil optrede mei ferskes. Nei ôfrin is elts wolkom om noch nei te
praten.