Column Commissaris van de Koning drs. A.A.M. Brok

grootheerenveen

LJOUWERT-Oan de begjin fan de koroanakrisis skreau ik hjir dat we ús der op ynstelle moasten dat wy mei-inoar noch wol in skoft op ‘e rûge see sitte soene. Jo meie bêst witte dat ik noch nea sa hurd hope ha dat ik ûngelyk krije soe. Mar it pakt dus oars út.

Wy lykje ôf te koersen op in twadde coronaweach. Us minister presidint drukte ús tiisdei mei de noas op gefaarlik omheech krûpende coronakurves en kundige nije maatregels oan.

De soargen dy’t troch de simmersinne fuort raand wiene, klappe in soad minsken as in boemerang yn ‘e nekke. Soargen oer de sûnens, oer freonen en famylje, oer it wurk. Elk langet nei perspektyf, mar net ien is by steat ús hâldfêst jaan.

Fryslân liket der sa’t it no liket relatyf goed foarwei te kommen ferlike mei oare parten fan it lân. Nettsjinsteande klusters yn de Noardeasthoeke en Skylge heart ús provinsje noch hieltyd ta de meast feilige regio’s fan Europa. Dat skuort net út dat elk konstatearre gefal of fertinking foarse ympakt hat op ús lytse mienskip. Elk kin sa stadichoan wol in persoan dy’t test is of yn karantêne sit of sitten hat en is bekend mei de stress en de rompslomp dy’t dat jout. En ik sil fêst net de iennichste wêze dy’t ferrast is troch de faasje wêrmei’t it firus om him hinne gripe kin, ek yn ús provinsje.

De minsken fan de GGD en de Veiligheidsregio wurkje harren in slach yn ‘e rûnte om de situaasje yn de stringen te hâlden foar jo en myn feilichheid. Dêrfoar fertsjinje sy in komplimint.

Mar wy moatte it der net op oankomme litte. Wy kinne it firus allinne de baas at elk syn ferantwurdlikheid nimt en him/har oan de basisregels hâldt mei as wichtichste de oardel meter ôfstân. Leuk? Nee. Moat it? Ja!  

Yn it lân is in sfear ûntstien fan ferwiten en wize nei elkoar… Dat hat gjin doel. Wy moatte beseffe dat wy mei-inoar yn itselde skip sitte. At wy geduld bewarje, it sûne ferstân brûke en inoar net út it each ferlieze kinne wy it rûge wetter treast wêze, sels al hellet de wyn oan, sa as no. Ik ha der betrouwen yn dat wy it oprêde en it folhâlde kinne mei inoar en foar inoar.

Kommissaris fan ’e Kening drs. A.A.M. Brok