Column Eelke Lok: Frysk

grootheerenveen
Afbeelding

COLUMN - Sorry, maar voor één keer schrijf ik deze column in de Friese taal. Hij is namelijk niet bedoeld voor de anderstaligen in deze gemeente. Want bij de (her)ontbloting van het standbeeld van de Friese schrijver, journalist en politicus Fedde Schurer, heeft de gemeente Heerenveen slechts het Friestalige gedeelte van z’n inwoners beledigd.

 In strieminne útnoeging. Net in Frysk wurd by dy ûntbleating. Kloaterich, sei Hylke Speerstra en kaam net. FNP-riedslid Ate Eijer kaam wol, mar sei dat it súterich wie. Likegoed hat hy it wurd ek net naam. Jim ha de fûst ek net omheech stutsen. Fanwege de korona mochten jim net komme.

As je op de gemeentelijke webside ‘Frysk taalbelied’ yntoetse, dan komme der gjin meldings. Dochs hat de gemeente Hearrenfean in taalnota. Dy is fan 2018. Der is net safolle oer op de webside te finen; twa sintsjes fol goede bedoelings. Mar der is gjin ferwizing nei de nota.  

As je it wurdsje ‘Friesland’ yntype foar de provinsje, dy’t al lang offisjeel Fryslân hjit, dan krij je noch 40 meldings. Dus Ate hat noch wol wat te dwaan om dy taalnota fan 2018 goed út te lizzen. Dat wie al dúdlik, yn de gemeenteriedsferkiezings moast ik de polityke foara twatalich dwaan, de measten sprutsen Hollânsk. Elektoraal, no.  

Gemeentelijk taalbelied hinget fan je personiel ôf. Doe’t ik noch wat kilo’s swierder wie waard ik sûnder dat ik noch wat sein hie, yn in Lemster winkel oansprutsen yn it Dútsk. Amtners ha gedoente mei de ynwenners en it blykt dat Hollânsk it meast ienfâldige is; dat kin se beide.

Likegoed hienen se dit wol hiel sleauwstronterich dien. Dan krij je alles oer je hinne fansels. No sil de Jong Fryske Mienskip it byld wer ûntbleatsje. Ik wik jim dat der op 25 augustus in Fryske flagge om it liif fan Fedde hinget. Mar der moat dan ek alle romte wêze foar de Friezen yn dizze gemeente dy’t freegje dat de taalnota no ek ris útfierd wurde sil. At se tagelyk teminsten tasizze der sels ek wat mear wurk fan te meitsjen.

Jullie zijn gewaarschuwd.  

Eelke Lok