Cor van der Wal sil Fryslân fertsjintwurdigje op it Transpoesie Poëzijfestival yn Brussel

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

LJOUWERT- Cornelis van der Wal sil dit jier Fryslân fertsjintwurdigje op de alfde edysje fan it Transpoesie Poëzijfestival yn Brussel. Yn foargeande ha Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) al meidien oan it festival. Cornelis sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.

\n

Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy hat oant no ta sân dichtbondels publisearre. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Van der Wal hat fierders webmaster fan it literêre ynternettydskrift Farsk en letter fan Ensafh west. Ek wie Van der Wal oant juny 2011 poëzijbesprekker foar it Friesch Dagblad. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.

Mear ynformaasje is te finen op www.skriuwersboun.nl