‘De Bjusterbaarlike Baron’ fan Jurjen Faber en Paul van Dijk

SNITS- Sûnt dizze simmer leit der in Frysk berneboek yn in Dútsk museum. Jurjen Faber en Paul van Dijk hawwe harren nijste berneboek ‘De Bjusterbaarlike Baron’ oan it Münchhausen Museum yn Bodenwerder oanbean. Dat museum hat de grutste kolleksje boeken oer de baron Von Münchhausen. De kolleksje telt in lytse 1200 útjeften yn 48 ferskillende talen. ‘De Bjusterbaarlike Baron’ is it earste Fryske boek dat yn it museum leit en de 49e taal yn de kolleksje. Faber en Van Dijk waarden entûsjast ûntfongen troch direkteur Claudia Erler (foto). It boek krijt ek omtinken yn de Dútske parse.

Foar it boek ‘de Bjusterbaarlike Baron’ hawwe Faber en Van Dijk in seleksje makke fan de moaiste reisferhalen fan de legindaryske baron Von Münchhausen. Jurjen Faber soarge foar de oersetting en Paul van Dijk makke de yllustraasjes. It is in bysûnder boek wurden, mei bjusterbaarlike reisferhalen. De Baron Von Münchhausen hat echt bestien, wenne yn Bodenwerder en stie bekend om syn sterke ferhalen.

Oer de skriuwer

Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy’t net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten.

Oer de yllustrator

Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar it boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen Faber makke er de teäterfoarstelling ‘de Bjusterbaarlike Baron’. Doe’t er in jonkje fan njoggen jier âld wie, hat er fan ’e biblioteek fan Warkum in skoft hieltyd itselde boek liend. Dat boek hjitte: ‘De wonderbaarlijke avonturen van de Baron von Münchhausen.’

Boekgegevens De Bjusterbaarlike Baron Skriuwer/oersetter: Jurjen Faber Yllustraasjes: Paul van Dijk Utfiering: ynbûn ISBN: 978 949 315 9907 Tal siden: 32 Ferkeappriis: € 13,50 Foar bern fan 6 oant 10 jier.

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Groot Fryslân

Wees loyaal – aan onze vrienden