“De treflike dokter Paul” treflik spile troch de Trochsetters

BALK - Treflik waard d’r spile troch De Trochsetters ôfrûne wike yn in grôtfolle útferkochte Treemter. Dokter Paul, spile troch Herman Mous, waard oerompele troch de besikers yn syn nije bistenpraktyk. Eltsenien hie wol in bist by har, mar kaam eins foar harren sels op’t sprekoere, die gau blyken.

De âlde dokter, Titus Veldman, hie neist syn bistepraktyk in hanneltsje d’r by om rûn te kommen. En mei de net al te snoade Willemyn mei har papegaai, wat treflik delsetten waard troch Bertina Luimstra-Homma, in biologylearaar mei in seare mage wêr at hy in hynstemiddel foar krige, wat in nuvere útwurking hie. Johannes Wagenaar spile dit prachtich út en fjouwere al gau as in ware hynst oer’t podium.

Tine Haantjes as in frou diet op alle dagen rûn en befoel yn in bistepraktyk fan in kessen ynstee fan in lytse poppe. Sy makke har debút en die dit mei ferve. Se lei langút op de tafel fan de bistedokter mei de fuorten omheech. In Luigi, diet nimmen sjoen hat, mar grif al in grutte rol hie, want hy bedondere de âlde feedokter en Jelle Dijkstra alias hereboer Arie en de útkomst wie dat hy útpieke mei de assistinte Liesbeth, spile troch Siska Lubach.

Dit alles soarge foar hilaryske taferielen mei in soad ûnnozele dûbbelsinnichheden wêr troch de minsken gauris fan harren heare lieten en de trynnen oer in soad de wangen rûnen fan’t laitsjen. Somtiden buldere it publyk sa, dat de spilers efkes wachtsje moasten mei harren tekst op te sizzen. En dat alles barde op toaniel yn in prachtich dekôr fan de bistedokterspraktyk mei omtinken oan details.

De spilers wiene moai yn’e klean fan de pleatslike útlien en prachtich schminkt troch Riemke Stapersma. In soad minsken ha genietsje kinnen fan ‘De treflike dokter Paul’ ûnder rezjy fan Margré Deinum. It wie net allinnich toaniel, it wie in wiere jún út, want d’r wie fan alles te sjen en te belibjen yn’e Treemter fan Balk.

Tekst: Siska Lubach




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Groot Fryslân

Wees loyaal – aan onze vrienden