Doarpskrante Diggelfjoer Wommels wint priis ‘It bêste Frysktalige redaksjestik fan 2021’

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

WOMMELS- In ynterview mei swimkampioen Liesette Bruinsma is it bêste Frysktalige redaksjestik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It ynterview is skreaun troch redaksjelid Rozemarijn Strubbe fan doarpskrante Diggelfjoer Wommels. It stik is keazen út tweintich ynstjoeringen.

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Mirjam Bakker. De twadde priis (200 euro) wie foar it ferhaal ‘Tippelje op ’e brêge’, skreaun troch Watse Zeinstra, redaksjelid by Diggelfjoer De Fjouwer Doarpen en de tredde priis (100 euro) wie foar it stik ‘Skaad’, skreaun troch Geart Bos fan De Doarpsomropper út Skearnegoutum.

It is de sechsde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske redaksjestik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Wethâlder Mirjam Bakker: “Prachtich dat der it ôfrûne jier wer mear Frysktalige teksten ynstjoerd binne as ferline jier. Wat is it moai dat al dy redaksjeleden yn harren memmetaal skriuwe; sy binne wiere ambassadeurs foar it Frysk!”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom: “As sjuery sjogge we de oandacht foar it Frysk by alle stikken werom. It lit sjen dat de Fryske taal libbet. De priiswinners ha dan ek sjen litten dat je mear kwaliteiten ha moatte dan allinne goed Frysk skriuwe kinne.” Njonken Blom, dy’t riedslid is foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery út Jantine Weidenaar, sjoernalist by Omrop Fryslân, en Frysk skriuwer Thys Wadman.