Earste Fryske jeugdroman Tialda Hoogeveen

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- Fan de Fryske skriuwster Tialda Hoogeveen, op dit stuit súksesfol mei ‘De geur van hooi’, is by útjouwerij Afûk har earste fiksjeboek ‘Wurden fan Timo’ ferskynd. ‘Wurden fan Timo’ is boppedat har debút yn it Frysk én har earste boek yn de kategory ‘young adult’. Har idee foar in boek oer in famyljedrama dêr’t de pubersoan by omkomt by in ferkearsûngelok slute hiel moai oan by it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo fan Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen.

Yn de treffend skreaune roman, geskikt foar 12+, stiet it famke Nanne sintraal. Sy ferliest har âldere broer Timo by in ferkearsûngelok: troch syn mobyltsje sjocht hy al fytsend in frachtwein oer de kop. Hoogeveen: “Ik woe in ferhaal skriuwe oer hoe’t it foar in suske is om har broer te ferliezen. Dat hy dea giet wylst sy midden yn de wrakseling sit om stappen te setten rjochting folwoeksenheid. In oantal jierren lyn barde dit in strjitte by my fierderop by in famylje. Ik ha my altyd ôffrege: hoe wie dat foar it suske? Ik ha ‘Wurden fan Timo’ dêrom skreaun út it perspektyf fan in famke wei.”

Njonken rouferwurking spilet yn it boek ek muzyk in wichtige rol. Nanne lûkt har werom yn de muzyk omdat se tinkt dat har heit en mem tefolle fertriet hawwe om harren drok te meitsjen oer har fraachstikken, lykas it kiezen fan in ferfolchoplieding. En ek omdat ûnder it pianospyljen it soms krekt fielt as dat Timo – dêr’t sy altyd muzyk mei makke – noch by har is.

Boek sintraal bij LêsNo

Yn de earste moannen fan 2021 geane rom tritich middelbere skoallen mei mear as 4.000 learlingen út de brêgeklassen yn de Fryske lessen oan de slach mei ‘Wurden fan Timo’. Yn de hjerst fan 2020 koene se de boeken, ynklusyf wiidweidich lesmateriaal, al bestelle. Op lesno.nl stiet in audiomeilêsferzje, dy’t it lêzen fan it Frysk makliker makket.

Song ‘Yn dyn ljocht’

Foar it projekt is dêrnjonken Jon Allen’s nûmer ‘In your light’ troch Jelle Bangma yn it Frysk oersetten yn it Frysk. It is spile, songen en opnommen troch Sytse Broersma (De Kast) en syn dochter Lotte. Lotte Broersma bringt it nûmer út as single.

‘Wurden fan Timo’ is it sânde LêsNo-boek. LêsNo is it lêsbefoarderingsprojekt Frysk dêr’t Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen mei stipe fan de provinsje Fryslân jierliks in nij Frysk boek mei edukaasjemateriaal by ûntwikkelje foar brêgeklassen. It boek ‘Wurden fan Timo’ is fan no ôf te krijen by de Afûk. It liet is te finen op YouTube en Spotify.

Foto AFUK