FNP fernuvere oer gemeenteried Hearrenfean

IT HEARRENFEAN - De FNP hat moandei in moasje yntsjinne by de behanneling fan it herstelplan nei oanlieding fan fouten wertroch de gemeente struktureel minder jild hat as at sy tocht. 

Mei de moasje hat de FNP besocht om it kolleezje der fan te oertsjûgjen dat minsken mei in ynkommen dat gelyk of leger is as 120% fan it wettelik sosjaal minimum finansjeel net de dupe wurde meie fan de fouten dy’t troch de oerheid makke binne. Sadwaande moat de gemeente Hearrenfean in oplossing sykje om in struktureel tekoart fan 2 miljoen euro te dekken.

De moasje fan de FNP hat it net helle. De partij hie ferwachte dat alle fraksjes it mei de moasje iens wêze soene, mar sy krige allinne de stipe fan de SP, Heerenveen lokaal en Grien Links.

Alle oare fraksjes, VVD, CDA, GBH, D’66 mar ek de PvdA ha de moasje net stipe. Sy wolle de útkearingen en de regels dy’t dy’t der foar de minima binne meinimme by it sykjen om in oplossing fan de finansjele problemen.

En dy problemen binne grut neffens FNP fraksjefoarsitter Ate Eijer: “De gemeente hat him ryk rekkene, te ryk. Wannear’t we de 2 miljoen fertale nei in mearjierren begrutting fan bygelyks 10 jier, dan giet it om 20 miljoen en dat is mear as serieus jild. Wy hiene mei de moasje foarkomme wollen dat de minima net by de hersteloperaasje belutsen wurde soene. Dat is ús no net slagge. Foar de minima bliuwt it ûnwis wat de gefolgen fan it herstelplan foar har binne. De mearderheid fan de ried is fan betinken dat it no net it goede momint is en dat hjir letter in beslút oer nommen wurde moat.

De FNP fraksje is it hjir net mei iens en stelt dat it noait te betiid is om de minima út ‘e wyn te hâlden.”




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Groot Fryslân

Wees loyaal – aan onze vrienden