FNP Hearrenfean makket har soargen oer it beslút fan De Haach oer oanpak fan de stikstof

Politiek
Afbeelding

HEARRENFEAN - Us lânskip, ús goud, ús thús! Ofrûne freed kaam it langferwachte beslút oangeande de stikstofoanpak nei bûten. 

Troch de stikken en de makke kar út De Haach wei is de ûnwissigens grut by in soad minsken. Foaral by de boeren en de mienskip wurdt it draachflak ûnder de fuotten weislein. De FNP wurket graach fan ûnderen op en wol tichtby de mienskip en ús boeren stean.

De gemeenten hawwe dan wol fan in beheinde rol yn dit beslút, dochs hat de FNP in oantal fragen oan de wethâlder oangeande de stikstofoanpak.

De skriftlike fragen foar it kolleezje:

-It is foar de boeren in ûnwisse en gefoelige tiid, is it koleezje ree om in ekstra ynspanning te dwaan foar in goede kommunikaasje rjochting ús boeren ta?  

-Is it kolleezje  ree om ûndersyk te dwaan nei de gefolgen fan de besluten foar ús gemeente no’t bliken docht dat neffens de kleurplaat fan minister Van der Wal fan Natuer en Stikstof der sels binnen de grinzen fan ús gemeente ferskate gebieten mei ferskillende útdagings lizze op it mêd fan stikstofreduksje?  

-Is it kolleezje ree om de ried op de hichte te hâlden fan de gefolgen foar de boeren en ús gemeente yn dit yngripende proses?

FNP Hearrenfean fynt it tige wichtich dat de kommunikaasje tusken gemeente en boer yn dit proses goed wêze moat en fynt it fan grut belang dat de gemeente de mooglike gefolgen fan it beslút oangeande de stikstofoanpak op tiid yn kaart bringt.