FNP Hearrenfean ropt winkeleigners op om saterdei harren doarren te iepenjen

Politiek
Afbeelding

HEARRENFEAN - De fraksje fan FNP Hearrenfean is wiis mei de oprop fan it kollleezje oan it regear yn Den Haach om te sjen wat foar mooglikheden der binne om de mienskip op koarte termyn wer iepen te krijen.  

FNP Hearrenfean hat dan ek begryp foar de aksje fan winkelju dy’t sjen litte wolle dat se op in feilige wize de doarren wer iepen dwaan kinne.

It like der op dat dizze aksje in protestaksje wurde soe mar no’t bekend wurden is dat  der  moarnjûn bekend makke wurdt dat  foar in soad sektoaren, u.o. foar de detailhannel, in oanpassing komt dy’t oerien komt mei de oprop fan it kolleezje ropt de FNP  winkelju  op om saterdei de doarren te iepenjen. Wol sille se harren dan hâlde moatte oan de regeljouwing sa oft dy’t ferwachte wurdt. Iepen op ôfspraak, mûlekapkes en in beheind oantal minsken yn de winkels.

Fan it publyk ferwachtet de FNP yn Hearrenfean  dat se meiwurkje oan it úfieren fan de regels om’t it de undernimmers sa mooglik meitsje om saterdei, mar ek yn de kommende wiken de doarren te iepenjen. .