FNP: In twadde parkeargaraazje is te folle foar It Hearrenfean

Politiek
Afbeelding

HEARRENFEAN - De FNP yn de gemeente ried fan Hearrenfean sjocht neat yn de bou fan in 2e oerdekte parkeargaraazje yn it sintrum fan It Hearrenfean.

It kolleezje fan Hearrenfean wol oan de slach mei de sintrum fysje foar it Hearrenfean en tinkt u.o. oan de bou fan in 2e oerdekte parkeargaraazje. In ynfestearing fan 8 miljoen en dermei de helte fan it bedrach wat foar de plannen beskikber is.

De partij komt moarn mei stipe fan Grien Links  mei in útstel om de parkeargaraazje dy’t yn de plannen stiet te skrassen.

“Der binne no 1300  parkear plakken yn it sintrum.  Op moandei oant freed is dit mear as genôch mar wol ferdwine der yn de plannen sa oft dy no besprutsen wurde   parkearplakken op it Gasthoudersplein en by it Museum. En mei de bou fan in wentoer mei 90 appartiminten, in oar aspekt fan de plannebn,  sil der ek foar dizze bewenners parkearromte socht wurde moatte. Mei inoar wurdt it oantal extra parkearplakken dat nedich is roest op 275  Der sil dus sjoen wurde moatte nei in oplossing”, neffens fraksjefoarsitter Ate Eijer.

Mar foar de FNP is in 2e parkeargaraazje, yn it doarp mei  30.000 ynwenners,  in stap te fier en der binne neffens Eijer best wol oare, goedkeapere, oplossingen. Bygelyks in parkeardek op it BK plein. Fergelykber mei it parkeardek by it sikehûs. De boppeste laach soe dan oerdekt wurde kinne mei in grien terras boppe op it dak.  Mar ek soe der sjoen wurde kinne nei in parkear foarsjenning by de Opslach. In lokaasje op minder as 5 minuten rinnen fan it sintrum.

“ Dit binne oplossingen dy’t grif minder kostje dan de 8 miljoen dy’t in oerdekte parkeargaraazje kostje sil”, seit Eijer.

“Troch in streep te setten troch de plannen foar de parkeargaraazje en om te sjen nei oare mooglikheden komt der jild frij foar de rest fan it sintrum wêr’t yn de plannen gjin oandacht foar is.“Boppe dat is der hielendal gjin sicht op de eksploitaasje fan in 2e parkeargaraazje. Net op de koarte termyn mar ek net op de lange termyn. En it is ek net dúdlik wat de gefolgen binne foar de parkeargaraazje ûnder it GW plein”.