FrIIS Festival yn Aldegea

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

Op sneon 10 septimber is it FrIJS Festival yn Aldegea, sa lit de organisaazje wite. “We sjonge en spylje hits fan de muzikale hurdriders fan de lêste 20 iisjierren yn Aldegea op ús iisbaan/evenemintenterrein.”

\n

Freed 19 augustus starte we mei de foarferkeap fan de kaarten. Dizze binne te krijen foar €10 it stik by de Doarpswinkel (€5 foar bern o/m 12 jier).  Dit is ynklusief in konsumpsje en fansels waarme poeiermolke. It wurdt in pracht programma mei in soad lokale artiesten.

Yn ‘e oanrin nei it FrIIS Festival kinst fergees in kaartsje winne troch de goeie artiest te rieden. We hiene it al oer de dominy’s jonge dy’t fereale rakke op Akke, in famke op it iis, hy fûn dat hy foar har makke wie om har leaf te hawwen. Welke beskilderde popgroep dy’t graach ris in tút fuort jout sjongt hjir ek oer? Foar elts dy’t it goede antwurd net wit: freedtemidzje start de kaartferkeap by de Doarpswinkel.