Frysk toaniel ‘Us Man’ fan Youp van ‘t Hek yn de Buorkerij Terherne

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

TERHERNE - Op sneon 28 jannewaris, om 20:00 oere, is der Frysk toaniel yn De Buorkerij yn Terherne. Dan word it stik ‘Us Man’ fan Youp van ‘t Hek spiele.

It stik is yn it frysk oerset en spile troch Anneke Hondema, Titia Huisman en Wybe Koldyk. It is in tige humoristysk twalûk oer froulju dy’t werom- en foarút sjogge op harren relaasje.

Yn diel ien (H)EKSEN riede twa froulju harren yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se hâlde sille op de brulloft fan harren eks-man: De froulju binne nammentlik allebeide de eks fan deselde man, dy’t no op’e nij trouwe sil.

Yn diel twa MYN MAN sitte twa froulju op in waarme neimiddei wyn te drinken yn de tún. Se prate oer harren man sa’t allinne froulju dat kinne. Mar mei de man derby wurde de ferhâldingen op skerp steld. Troch it fernyn en de humor wurdt de betizing folslein.

Plak besprekke: info@hp-terherne.nl of M: 06-31219549 Yntree: €17,95.