Fryske oersetting fan Lampje: Lampke!

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

LJOUWERT- By de AFUK yn Ljouwert is in oersetting fan it boek Lampje fan Annet Schaap ferskynd. De oersetting is fan Rymkje Zijlstra.

\n

 

Oer geheimsinnige seewêzens en woeste piraten. Oer it Swarte Hûs fan de Admiraal, dêr’t se fan sizze dat der in meunster wennet. Oer in grize fjoertoer op in eilân dat noch krekt fêstsit oan it fêstelân. Oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter, dy’t alle jûnen de ienensechstich treden yn de fjoertoer opklimt om it ljocht oan te stekken. Oer in stoarmachtige jûn, as de lúsjefers op binne en alles misgiet.

Mar foaral is it in ferhaal oer dapper wêze en mear kinne as datst oait tocht hiest.

‘Mei Lampje hie ik der fuortendaliks in nij leaflingsboek by. It lêst as in modern en tagelyk tiidleas mearke.’ – Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur

Author : Annet SchaapISBN : 9789493318021New label : 1Pages : 328Language : FryskPublisher : AfûkFormat : ynbûnTranslator : Rymke ZijlstraKategory: Afûk boeketip 10Fryske boekenBerne- en jeugdboekenBerneboeken 8-12.