Grytsje Melchers: De dingen zeggen door te zingen!

Cultuur en uitgaan
Foto Johan Brouwer
Foto Johan Brouwer

De dag na het gesprek met Grytsje Melchers uit Oudemirdum krijg ik een appje: “Ik tocht yniens, wat ha’k allegear sein…” Het is tekenend voor de openheid van Grytsje, oprecht en recht door zee. Een (h)eerlijk interview is het resultaat. Een jonge vrouw, sinds vorig jaar mem van Martzen, en echtgenote van Douwe van der Werff, met wie ze het muzikale duo Grytz & Grize vormt.

Een jaar geleden, net voor de coronacrisis, zong Grytsje nog samen met de ‘Vreemde Kostgangers’ in een uitverkochte Harmonie in Leeuwarden. Samen met Boudewijn de Groot sloot ze die bewuste 28ste februari af met ‘Avond’. Boudewijn in het Nederlands, Grytsje in het Fries. En er is nog veel meer nieuws over Boudewijn en Grytsje, “mar dat is strikt geheim!” Toch mogen we hier in deze editie van GrootDeFryskeMarren alvast een tipje van de sluier oplichten.

Grytsje Melchers

“Strikt geheim!” Dat maakt ons natuurlijk razend nieuwsgierig, maar voordat we daar verder op ingaan, eerst maar de vraag, zoals we die meestal in Friesland als eerste stellen.

‘Fan wa bisto ien?’

“Ik bin Grytsje Melchers, dochter fan Nico en Jantsje Melchers út Murns, berne op 19 septimber 1987. Suster fan Wytse, Tiede en Anneke. Ik bin de âldste fan de bern. Partner fan Douwe van der Werff en sûnt 9 jannewaris 2020 grutske mem fan Martzen van der Werff. En wat ik fierder doch? Sjonge en foar de klas stean, teminsten at it wer kin, hè…”

Onderwijs

Grytsje is alweer bijna tien jaar werkzaam in het onderwijs, wat overigens geen roeping van jongs af aan was, zoals sommigen dat wel hebben. Nee, Grytsje wilde als kind een heel ander beroep. “Ja, ik woe altyd kapster wurde. Mar op in gegeven stuit krige ik in soad rêchklachten. Doe’t de húsdokter frege wat foar plannen ik hie en sei dat kapster mei wol wat ta like, fûn hij dat net sa’n goeie kar. Doe moast ik wat oars. Ik siet doe op it vmbo. Dêrnei folge ik it spw, sosiaal pedagogysk wurk, en dan de rjochting fan ûnderwiisassistint. Doe wie ik de dokter wol stikem in bytsje dankber, want it paste mij gewoan hiel goed. Nei it mbo bin ik nei de NHL-Pabo yn Ljouwert gien. De ûnbefangenheid fan bern en de leargiericheid, of better de nijsgjirrigens, fan bern spruts en sprekt mij o sa oan. Ik fyn dat moai om te sjen, hoe’t bern entûsiast wêze kinne, sûnder dat se har skamje. Iepen en frij, dat is moai om te sjen. Nei myn Lio-staazje koe ik bij de skoalle yn Warns bliuwe. Ik ha net iens hoege te sollisitearjen, der kaam in plakje frij yn groep 3/4/5.”

Zonder nu tot diepgaande onderwijsvisies te komen, laat Grytsje weten dat het voor haar als onderwijzeres belangrijk is dat kinderen gezien worden. Elk kind mag er zijn met zijn of haar talenten, waarbij vertrouwen heel belangrijk is.

Muziek

Grytsje is van plan om volgend jaar een nieuwe opleiding te gaan volgen, die van vakspecialisatie muziek.

“Muzyk is foar mij gefoel, it úterjen fan dingen dy’t dreech binne om oer te praten”, antwoordt Grytsje op de vraag wat muziek voor haar betekent. Daarna blijft het even stil. Het is duidelijk zichtbaar dat Grytsje emotioneel wordt. Toch wil ze het wel delen, waar die emoties vandaan komen, en ze vertelt…

“Ik haw jierrenlang terapy folge foar fan alles en noch wat, depressiviteit en in ytstoarnis. Ik haw bot dwaande west om der achter te kommen wa’t ik bin. Dat kin mei wurden, mar muzyk nimt mij mei. Sûnder wurden te jaan kin ik myn gefoel kwyt. Foardat ik yn terapy gie, hie ik mar in bytsje selsfertouwen, soks bist net samar kwyt. Ik hie in ferkeard byld fan mysels, fan myn eigen wêzen. Ja, en wêr komt soks fan? Op in gegeven stuit wolst ergens kontrole op hawwe. Sosiale kontakten woe net sa goed slagje. Dan wolst witte watst just wól goed kinst. No, net ite dat koe ik hiel goed. Dan komt it safier datst hiel somber bist, dat gong bij mij gelyk op. Doe’t it safier wie, haw ik terapy hân.”

Pesten

Grytsje Melchers deelt deze zaken eerlijk en oprecht; vertelt ook dat ze een fijne jeugd heeft gehad. Thuis, waar heit en mem de tuin hadden, de kippen en varkens. Mem was altijd thuis en heit werkte ‘achter’. Een harmonieus gezin. De muziek werd een uitlaadklep voor Grytsje. Ze ging vier jaar naar de muziekschool in Koudum, waar ze gitaarles kreeg. Verder volgde ze er zangles en ook zong ze in bandjes van de muziekschool. Eén van de bandjes was een meidenband, die wat “punky-eftige muzyk” speelde. Allemaal fijne herinneringen.

Minder plezierig waren de pesterijen op de middelbare school, waarbij Grytsje het slachtoffer was. De pesterijen gebeurden altijd buiten het zichtveld van de leerkrachten. Ook stelt Grytsje de retorische vraag: “Wat is pleagjen, wat is pesten?” Als Grytsje dit vertelt, komen er opnieuw emoties los. Nu, jaren later weet Grytsje dat het wel heel belangrijk is om open over pesten te praten. Het lucht letterlijk op. Zelf heeft ze dat destijds niet gedaan; ze heeft het bij zichzelf gehouden.

“Ik tink dat der no op skoallen gjin taboe mear rêst op it ûnderwerp pesten. Mar wátsto der ek oan dochst as learkrêft, it bliuwt ferridelik. It bart altyd asto it net yn ’e gaten hast. Bij mij wie’t ek noch sa dat ik ‘de schone schijn’ hiel goed ophâlde koe. Watst ast learkrêft dwaan kinst, is de bern leare om respekt te hawwen foar oare bern, dat eltsenien derby heart.”

Grytz & Grize

We gaan terug naar de muziek, want Grytsje is ook Grytz van het duo Grytz & Grize. Met een vette knipoog, want het is ons wel duidelijk wie ‘Grize’ is! Maar stel hem toch nog maar even voor, vragen we aan Grytsje. Juist op het moment dat Grytsje dit wil doen, zet de kleine Martzen het op een brullen en vraagt echtgenoot Douwe van der Werff waar het mutsje van dochterlief is. Heit gaat even wandelen met Martzen.

“No, Douwe is dus Grize, dat is wol dúdelik”, vertelt Grytsje. Tsien jier lyn bin ik mei Douwe begûn te sjongen. Douwe siet yn in bandsje, D’ouwe Rockers, en se sochten in sjongeres. Douwe krige in tip fan syn gitarist, dy’t mij optreden sjoen hie bij Rock & Loll yn Warkum. Sa is’t begûn. We hawwe noch op Aaipop spile, mei eigen wurk, dat optreden waard net echt in sukses. It wie ek de ein fan ’e D’ouwe Rockers band. Wij binne doe fierder gien as Grytz & Grize en dat waard wól in súkses. We hiene it super tegearre, mar we wiene noch gjin partners. It wie puur muzyk en wille, mar op in gegeven momint begûn der dochs wat oars bij ús te spyljen. Mar we koene en woene der neat mei, Douwe hie in relaasje, klear.

Yn it earst seach ik Douwe as in freon, myn maatsje, mar dat feroare dus. Yn 2017 ha wy besluten tegearre fierder te gean. Us leafde mei foar oaren apart wêze, troch it grutte leeftydsferskil. Foar ús jildt soks net. We binne folslein gelokkich, seker nei de komst fan ús leave famke Martzen. We libje yn it no.”

Boudewijn de Groot

Grytz & Grize timmeren goed aan de weg, maar Grytsje doet nog meer. Enkele jaren geleden hertaalde Cees de Wolff een tiental nummers van Lennaert Nijgh en Boudewijn de Groot in het Fries en maakte er, met persoonlijke toestemming van een zeer enthousiaste Boudewijn de Groot, het album ’Boudewijn de Groot yn it Frysk’ van. Grytz zingt drie nummers op het album: ‘Fersopen protter’ (Verdronken vlinder), ‘Tip fan de sluier’ en ‘Moarntiid’ (Avond). In bijzijn van Boudewijn de Groot zelf mocht Grytz de liedjes live in het Omrop Fryslân televisieprogramma Noardewyn zingen.

In een interview met Grytsje en Cees de Wolff in GrootHeerenveen in 2018 vroegen we naar verdere plannen rond het Boudewijn de Groot-project. Zou het niet mooi zijn om de tien nummers in een live theatertour neer te zetten? Cees en Grytsje keken elkaar eens aan.

We durven Grytsje er nu, twee jaar later, waarvan één coronajaar zonder optredens, er heel voorzichtig naar te vragen. De theatertour komt er, maar verder: “Strikt geheim”, is het antwoord. “At minsken witte wolle wat wij al dien hawwe, dan soene se it bêst op ús site sjen kinne. En oer it Boudewijn de Groot projekt? Ik bin op dit stuit drok dwaande mei it twadde part fan it Boudewijn de Groot projekt. Nei myn earste optreden mei Boudewijn krigen we in reaksy fan him dat hij it hielendal te gek fûn. Dat is fansels wol wat om bliid fan te wurden, dat sa’n bysûndere man en ikoan dy sa priizget. Om koart te gean, ik haw myn partijen al ynsongen yn de Key Studio yn Akkrum, wêrbij’t Boudewijn mij entûsiast stie te dirigearen. Troch de korona leit it no even stil en fierder hâld ik mij der ék stil oer, want oars krij’k mot mei Cees de Wolff, de grutte initiator fan it hiele projekt.” 

Ongetwijfeld zullen we meer over Grytsje Melchers horen, een jonge vrouw die veel te vertellen heeft. Correctie ‘te zingen’ heeft.’

Tekst: Henk van der Veer
Foto’s: Johan Brouwer

Foto Johan Brouwer