Ids de Roos skriuwt boek oer syn berteplak Skarl

SKARL- De skiednis faan Skarl, smoute femyljeferhalen, it buorkjen fan syn heit, de ferhâlding mei de foarname âld--Warnser meniste femyljes dy’t eigeners wiene fan de pleats, de enersjytransysje yn syn tiid, it folk dat oan ‘e doar kaam, de middenstân fan Warns, bijnammen yn it doarp. Allegjear waarnimmings fan de skriuwer opdien yn syn jonge jierren. It boek SKA(R)L (echte Skalders sprekke de r net út) FERHALEN ÚT MYN LYTSE SÚDWESTHOEKE hat in grut ferskaat oan ûnderwerpen, en dizze letbloeier skriuwt it mei flotte pinne op.

Ids de Roos (1954) is syn 18e offysjeel de hús út gien, mar hat Skarl en ek Warns noait helendal loslitte kinnen. De skiep dy’t er hâldt, krije noch altyd de nammen fan buertgenoaten fan doedestiids. In soad dingen steane him noch helder foar de geast: Skarl en Warns as boeredoarpen, de feekeapman, in skoalmaat dy’t wilsterflapper wurde moast, it ferhaal fan syn heit oer de koppige fiskerman Sjouke Bot. Doarpstypes lykas kleanmakker Klaas Snider of turfskipper Jabik Minses wurde ta libben brocht yn de oerlevere ferhalen fan syn mem. Mar ek Ids syn eigen belevenissen op skoalle en yn de sixties en de konneksje mei Staveren komme oan ‘e oarder.

Foto’s stypje de tige lêsbare ferhalen, dy’t foar it grutste part earder al ferskynd binne yn de Warnser Poarte, de doarpskrante.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Groot Fryslân

Wees loyaal – aan onze vrienden