Jente Bootsma danst weer door het leven

grootsneek
Afbeelding

Jente Bootsma hoopt op 2 oktober zijn dertigste verjaardag te vieren. En het leven vieren hoort zeker bij de gymdocent van het Bogerman en jonge voetbaltrainer van de kersverse tweedeklasser Workum. Sterker nog: in de tuin van Jente en zijn vriendin Esmée hangt een muurposter met de Frysktalige tekst: ‘Fier it libben, / Dûnsje/ De hiele dei/ Genietsje/ Fan de sinne/ No’t it mei!’ Een portret van een (bijna) dertiger die de tussenbalans opmaakt van zijn leven. Een leven met hoogte- en dieptepunten, blijdschap en verdriet. Maar boven alles een leven met de wil om er iets moois van te maken en het positieve te delen met zijn naasten, vrienden en kennissen. 

Jente Bootsma

Oprechte belangstelling voor mensen, dat is de kern van wat de Engelsen zo mooi ‘interest human stories’ noemen. GrootBolsward-IJsselmeerkust wil niets liever dan zulke verhalen, en Jente Bootsma hééft die verhalen. Meer dan hem lief is, wellicht. Vooraf hadden we al met Jente besproken dat het interview ‘niet alleen maar over voetbal zou gaan’. Maar dat na 54 seconden het gesprek al over de zelfgekozen dood van zijn vader gaat, komt binnen als een mokerslag. Ten behoeve van het interview gaat Jente met fotograaf Jelly Mellema mee om foto’s te maken op drie verschillende locaties, die stuk voor stuk een belangrijke plek in zijn leven innemen.

“Heit is der net mear” 

Even voorstellen: “Ik bin in soan fan Sietske Gerbrandy en Hinne Bootsma. Mar heit is der net mear, hij is overleden. Hinne seach it libben net mear sitten. Dat is no trije en in heal jier lyn, yn 2019. Dat hat in soad ympakt hân. Ja, samar…” 

Er valt een stilte, gelukkig niet pijnlijk, want Jente wil wel over deze intens verdrietige gebeurtenis praten. 

“Us heit siet sûnder wurk. Hij hie earder wurke as ICT’er bij de ûnderwiisbegeliedingstsjinst en waard letter wiskundedosint. Hij hie in tydlik kontrakt yn Frjentsjer en doe’t it net ferlinge waard, siet hij thús. It is sa spitich dat wij no sûnder ús heit fierder moatte en dat wy him misse yn ús hechte gesin. Hij is fêst grutsk op ús en wy moatte no fierder libje mei syn beslissing. Us heit koe net fierder… Sá spitich…. Wij seagen it net oankommen en minsken fan bútenôf al hielendal net. Ik wie oan it wurk, doe’t ús mem mij belle om te fertellen dat heit der net mear wie. Dêr snapst niks fan. Samar, fan it iene op it oare momint. 

Wij wiene altyd al hiel hecht as gesin en dat is no hielendal sa. It fuotbal fan eartiids, dat wie yts tusken ús heit en mij. At je oer fuottbal prate, dan dogge je dat mei heit. Ik sis der meiien bij dat mem altyd oan’e kant stiet as wij spylje en myn twa suskes ek, krekt as Esmée. It is net sa dat heit en ik altyd oer fuotbal praten, mar dochs. Heit en soan! Fuotbal wie de grutste bân tusken heit en mij. Ik hie no sa graach ris mei heit sparre wolt. Heit siet bij Oeverzwaluwen yn de jeugdkommisje en hij is opholden mei fuotbaljen doe’t ik begûn te fuotbaljen. Yn de jeugd wie hij bij in soad wedstriden skiedsrjochter. 

Gelokkich hawwe wij in soad leave minsken om ús hinne, dêrom giet it ek goed. Wij besykje dus troch it libben te dûnsjen. Us mem is ek sa posityf, it is in foarbyld. De tattoo dy’t ik op’e earm ha is foar ús heit. It is ‘fader/soan’, mar hat ek wat fan in roubân. Ik hie neat mei tatoeages, eins fûn ik it ferskriklik. Mar dizze is wol moai. Der binne in soad bern, learlingen, dy’t nei de betsjutting freegje. Dan praat ik soms tidens in gymles wol in heal oere oer ús heit en wat der bard is. Heit libbet sa troch.”

Jeugd en school

Jente Bootsma is geboren en voor een groot deel ook getogen in Koudum, waar hij tot z’n negentiende jaar woonde. Zijn ouders zijn beiden opgegroeid in Nijland, waar hún ouders een boerderij hadden. Jente is de oudste in het gezin Bootsma. Na hem kwam Baukje, daarna Riemer en Fimke maakte het klavertje vier compleet. Een sportief en gelukkig gezin. Mem Sietske was en is nog altijd onderwijzeres in het basisonderwijs. De kinderen zaten bij haar in de klas in Koudum. 

Jente: “Ik koe mij eins gjin bettere jeugd winskje. Alles draaide om de sport en dan benammen om fuotbal. Nei de basisskoale gie ik earst nei it Bogerman yn Koudum en yn it tredde jier gong ik al nei Snits, nei it vwo. Ik bin yn’e fiifde klasse sitten bleaun; dêrnei nei it lêste jier, mar ik sakke foar it vwo. Doe ha’k noch in jier havo dien op de fakken dy’t ik net helle hie op it vwo. Oer acht jier ha’k in havo-diploma helle. Ik ha der oars in geniale tiid hân.”

Afgescheurde kruisbanden

Na z’n middelbareschooltijd ging Jente naar de Hanzehogeschool, waar hij de opleiding ALO volgde. Z’n droomberoep, dat van piloot, zag hij in rook opgaan nadat hij voor de eerste keer z’n kruisbanden afscheurde. Toen Jente voor de tweede keer dezelfde kwetsuur opliep, liet hij zich opereren en revalideerde om maar zo fit mogelijk op de ALO te komen. Echter drie maanden op de sportopleiding scheurde hij voor de derde maal z’n kruisband af. Na de derde keer liet Jente zich niet weer opereren en lukte het hem toch de ALO succesvol af te ronden. Nog tijdens het afstuderen kreeg hij de kans om als gymdocent op z’n oude school, het Bogerman, aan de slag te gaan. Dat is nu zes jaar geleden. 

“Op myn plak”

Jente: “Ik bin der hielendal op myn plak. Bern en sport fyn ik machtich. At ik ûnder de minsken bin, dan wurd ik bliid. Ik koe ridlik goed fuotbalje, op myn fyftjinde stie ik al yn it earste bij Oeversweltsjes, dat wie doe in twaddeklasser. Thús diene we ek altyd spultsjes en ik woe altyd winne, ik wie fanatyk. Nei de blessures rûgele ik eins it trenersfak yn. Dat begûn al op de ALO, dêr’t ik de TC-3 fuottbalstaazje rinne moast. Dat die ik bij Be Quick yn Grins, in prachtige jeugdoplieding. Ik kaam bij de B1, wat no de ûnder 17 jeugd is. Doe’t ik dêr krekt begûn wie it nivo al sa heech, dat ik soms tocht: ‘Wat moat ik no sizze?’ Dy jonges wisten al lang wat ik fertelle woe. It wie ek hiel útdagend, mar it slagge omdat ik bij in groep hiele jonge ambisjeuze treners siet. Al dy jeugdtreners fan doe wurkje no as trener fan in earste team. Ik learde f’ral it taktyske en mentale part fan it fuotbal. Hoe ûndersteunst in groepsproses. Ik ha der sa’n soad leard.”

V.v. Workum

Blijkbaar heeft Jente inderdaad veel opgestoken tijdens zijn stages in Groningen, want hij is inmiddels succesvol trainer van vv Workum, waarmee hij vorige seizoen via de nacompetitie promoveerde naar de tweede klasse. Jente raakt niet uitgepraat over zijn grote passie.

“De v.v. Workum is in fijne klup, dy’t my as jonge trener it fertrouwen jûn hat en wêr’t ik yn in waarm bêd telâne kommen bin. Ek de klup hat meiholpen oan de promoasje. Rekken mar dat wij de grutste winst bij Warkum boekt hawwe troch it teamwurk, dat wol ik noch graach kwyt. Ik moat ek wolris even op’e achtergrûn. Om dy reden krij ik altyd in appeltsje fan ús lieder, dan kin ik de earste tsien minuten even niks sizze!” 

IKEA

Naast het voetbal vindt Jente gelukkig ook nog voldoende tijd voor zijn vriendin Esmée die hij nu ruim zes jaar kent. Samen hebben ze een huis in Oppenhuizen gekocht. Dan doet Jente lachend een bekentenis. 

“Moarn sille we nei de IKEA yn Grins; we krije in nije bijkeuken. En ik fyn it hielendal gjin straf om der nei ta. Ik mei ek graach sjoppe. Ja, echt! Hahaha. Esmée en ik bin eins wol in bytsje tsjinpoalen; ik wol altyd graach fuort en Esmée is leaver thús. Mar sa hâlde we mekoar moai yn balâns. We hawwe dit jier yn Valkenburg op fakânsje west en fierder bij it skûtsjesilen sjoen. Ik ha no wer nocht oan skoalle. En fuotbal!”

Tekst: Henk van der Veer

Foto’s: Jelly Mellema