Jong-Feintepartij op 10 july 2021 mei de 16e edysje

Sport
Afbeelding

EASTEREIN-Op sneon 10 july is de 16e edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier.

Fannemoarn giet it om 10.00 oere hinne en woansdei 7 july 2021 is de lotting fan de wedstriid om 20.00 oere yn it ferieningsgebou op sportpark “De Skoalleseize”.

Dizze wedstriid seach yn 2005 it ljocht en sûnt doe wurdt der elk jier striden om de “Sulveren Leest”. Dizze unike wikselpriis wurdt beskikber stelt troch Jan Hiemstra út Frjentsjer (âld ynwenner fan Easterein en skriuwer fan ús jubileumboeken “Bûkelje en boppeslaan” en “Fol Faasje Fierder”). De 15e edysje, yn 2019 is wûn troch Hijum-Feinsum mei Giancarlo Teitsma, Hijlke Beijering en Laas Pieter van Straten.

Brêge slaan

K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarenkategory. Yn oerlis mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it KNKB-keatsen oangiet. Al jierren wrakselje it KNKB en de ferieningen mei dit fraachstik.

Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjinwurdigjen.

De keatsklup hopet fan herte dat de jonges keatsen bliuwe en harren karriêre trochsette by de junioaren. Elke feriening mei meardere partoeren ôffurdigje en der meie ek jonges- en/of skoaljonges meidwaan. As hja mar by de stuiten wei kinne!

Neist de wikselpriis de ‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei priisjild. Al mei al in prizepot fan sa’n € 3.800,-

De klup winskjet alle keatsers alfêst in protte sukses en alle oare belangstellenden in prachtige keatsdei ta op dizze Jong-Feintepartij yn Easterein.

Sjoch foar alle winners en ferslaggen fan de ôfrûne jierren op de webside: www.kfeasterein.nl