‘Kening fan de cross’, nij Frysk jeugdboek

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS-De Snitser Freddie Scheltema hat in nij boek skreaun. It is in jeugdboek mei de titel: Kening fan de cross. It is it 6de boek fan de skriuwer en is útjûn troch útjouwerij Elikser.

\n

De ‘Kening fan de cross’ is in jeugdboek foar bern fan 12 oant 17 jier. It is in opdracht fan it projekt LêsNo. Dit projekt wol mei nije oansprekkende boeken de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis entûsjast meitsje foar de Fryske taal. It boek is goed ûntfongen: 5.700 bern en 40 skoallen dogge mei oan dit projekt. In rekord. LêsNo is in gearwurking fan u.o. AFUK, Provinsje Fryslân, Tresoar en Omrop Fryslân. Op 11 jannewaris hat deputearre Sietske Poepjes en directeur van Stichting Lezen Gerlien van Dalen yn it Marne college yn Boalsert de earste eksimplaren yn ûntfangst nommen.

‘Kening fan de cross’ is in spannend jeugdboek fol mei aksje en humor. It spilet yn de wrâld fan de autocross mar giet ek oer freonskip, leafde en ferried. De apoteoaze is tidens de finale fan it Frysk Kampioenskip Junior Stockcar.

Freddie Scheltema, skriuwer fan it boek, hopet dat it de jongerein oanset ta lêzen: “It giet oer autocross, mar ek oer leafde, freonskip en ferried. It moat de bern stimulearje om wat faker in boek te pakken en wat minder op TikTok en Snapchat te sitten, al wit ik dat ik dy striid mei in sosjaal medium ferlieze sil”.

It boek is ek ynteraktyf

 Der binne ek in oantal filmkes online dêr’t de haadrolspilers fan it boek yn te sjen binne. Yn de lessen Frysk wurdt yn febrewaris wurke mei dit boek en filmkes. De foto’s yn it boek binne makke troch Eastereiner Paul de Bruin en de klips by it lesmateriaal troch Wibo Smits fan Weidum.