Kringloopsintrum De Kuubskist hat goed spul foar elke beurs

Politiek
Afbeelding

LEMMER - Deistich krijt it Lemster Ecologisch Kringloopcentrum ‘De Kuubskist’ fan André en Alie Spoelstra wol in bus mei spul binnen út de hiele provinsje. Fan hânmakke kano’s en kasten oant kopkes, boeken en skilderijen. 

55 frijwilligers en 6 betelle krachten binne mei leafde dwaande om dat te beoardielen, te skiftsjen en in priis te jaan. Dan wurdt it mei grutte soarch en smaak yn de winkel útstald. Sa’n 1000 klanten wyks fine hjir wat fan har gading en sa krijt in soad guod foar in skaplike priis in twadde leven.

Alle frijwilligers binne wolkom, ek minsken mei in lichamelike of geastlike útdaging. Foar de klanten is de winkel sa rom ynrjochte dat je ek maklik mei rollator of rolstoel bij it spul lâns kinne.

De FNP giet regelmjittich op bedriuwsbesite, benijd nei de gong fan saken bij bedriuwen en ferieningen en de gearwurking mei de gemeente. Yn dizze tiid fan tanimmende earmoede woe de fraksje graach nei in kringloopwinkel om te hearren wat dy meimakket. Wat fernimme se op de kringloop fan De Lemmer fan de effekten fan hege enerzjykosten en ynflaasje?

Neffens bedriuwslieder Yvonne Weever is it goed te fernimmen dat minsken it moeiliker krije. Wa’t fan de bijstân rûnkomme moat hat al problemen om de fêste kosten en it iten te beteljen, lit stean it oare spul. Je sjogge no ek dat bepaalde produkten ynienen rôversguod wurde, lykas petroleumstellen en elektryske stoofkes. Lokkich is it haaddoel fan dizze kommersjele ûndernimming, dy’t gjin subsydzjes krijt,  dat elk hjir goed spul foar in goede priis besette kin. At je it net breed hawwe kinne je hjir dochs alles wat je nedich ha fine en betelje. Tagelyk wurde dêrmei ek it ekologyske doel tsjinne: goai goed spul net fuort, wês sunich op watst hast, keapje net samar nij. Hoe mear guod werbrûkt wurdt, hoe minder nij makke hoecht te wurden.

De winkel is in V&D gelyk, sa grut yn oerflakte, en sa grut is ek it assortimint. En dochs is it oersichtlik en handich yndield. At je even bekomme moatte, kin dat yn it restaurant, dêr’t je sels in bakje kofje taapje kinne. En rûnom sjogge je it achtergrûn-idee, dêr’t alle frijwilligers oan meihelpe: brûk wat je ha en besykje klanten bewust te meitsjen fan de wearde dy’t spullen ha. Sa is bijgelyks in stek makke fan de net ferkochte skieën, en binne de planken yn it restaurant makke fan âlde kisten en kasten.