‘Leave Santjin!’ wurdt jûn en moarn yn Wikel opfiert troch de Bargebeck; kaarten noch te keap

Cultuur en uitgaan
De Bargebeck spilet Leave santjin yn Wikel Eigen foto
De Bargebeck spilet Leave santjin yn Wikel Eigen foto

WIKEL - Nei jierren fan gjin toanielstik, is’t jûn en moarn, sneon 28 jannewaris, om 20:30 oere tiid foar in âlderwetsk jûntsje toaniel. Mei op sneontejûn sels live-muzyk. Dêr letter mear oer.

Gjin lange sit mar in ienakter dy trije kear opfiert wurdt yn doarpshûs Irene te Wikel. Op freedtejûn, sneontemíddei & sneontejûn. Leave Santjin! is de fjirde ienakter út ‘Yn ‘e hobbel’ fan Alan Ayckbourn en oersetten nei it Frysk troch Romke Toering, neffens it Nederlânsk fan Josephine Soer.

Spilers
Nei it geweldige sukses fan Wikel’s iepenloft foarich jier -de Bile yn Wicklewood- spylje ferskate spilers dêrfan wer mei yn dizze fleurige ienakter.

Twa froulju en trije manlju meitsje de spilersploech kompleet. Astrid de Vries is de sjike wethâldster Tine Sixma, wylst Erica Hidding ûnder oare de kofjesettende ûnderwizers Willy van der Meer spilet en ferloofde fan Bauke Feenstra. Daan Meyer oftewol Bauke Feenstra, is de jeugdtrainer fan de O.K.K. aspiranten, sûn en alkoholfrij. Derneist komme we dûmny Johan Bodegraven tsjin, mei syn 2 stopwurden, troch Cor van Dyk in gesicht jûn. En dan is der noch de hurdwurkjende Brand Batstra, eigener fan kafee de Bargebeck, delset troch Marten Deinum. De regy is yn hannen fan Rosilda Visser, sy wurdt holpen troch ynstekster Annie Sierdsma.

Betizing
Der moat in nij kultureel sintrum komme yn Wikel, it âlde doarpshûs is skjin tenein. Mar hoe komme se oan jild? Kin dat eins wol yn Wikel? De boargemaster is der sels foar útnûge mar lit ferstek gean. Der is in grut feestterrein optúgd mei ferskillende tinten. Ek wurd der jild ynsammele om it sintrum bouwe te kinnen. Der ûnstiet betizing alom... Soe it allegear wol slagje?

Kaarten
Koartom, genôch redenen om foaral te kommen nei Wikel. Eltse foarstelling wurd ôfsletten mei ferlotting én muzyk. En op sneontejûn sels live-muzyk fan de band ‘Scaramouche’, mei rock-klassikers út ‘e jierren 60, 70 & 80. Mear hjiroer lêst op ús Facebook -en Instagrampagina.

Kaarten binnen oan de doar noch te keap, se kostje € 7,50 it stik. Foarôfgeand oan it stik binne der lotsjes te keap foar de ferlotting nei ôfrin. By de foarstellingen op freed -en sneontejûn giet de doar iepen om 19:30 oere om 20:30 oere start de foarstelling. Sneontemiddei is de doar om 14:30 oere los en starte we om 15:30 oere.