Lieke de Groot wint fotowedstriid Himmelaksje

Cultuur en uitgaan
1e priis fan de vaksjuery
1e priis fan de vaksjuery

ALDMARDUM - Freed wie der in grutte Himmelaksje foar de kust fan it Iselmar. Deroan ferbûn wie d’r in fotowedstriid. De winnende foto fan de faksjuery is makke troch Lieke de Groot út Lemmer. De nocht fan de himmelders spat der fanôf seit natuerfotofraaf Jan Tijsma.

Op de winnende foto binne learlingen fan it Zuyderzee Lyceum mei gripers dwaande it ôffal, faak plestik, út de kieren en naden fan it dykje lâns de Iselmar te heljen. De publykspriis is fallen op de foto fan Gea van der Wal fan Aldemardum dy’t sjen lit dat elke pier meinommen wurdt.

Moarns is it hiele stik fan De Lemmer oant De Hege Gerzen skjinmakke troch de mavo-boppebou fan it Zuyderzeelyceum. Middeis ha frijwilligers fan de kuststreek de strânen oant en mei Makkum ûnder hannen nommen.

Moandei wurdt yn it kader fan de Gaasterlandse Natuurweek de Mokkebank en it Aldemardumerklif noch himmele. Allebeide natoergebieten dêr’t je normaal net komme meie. Leafhawwers kinne har noch opjaan fia https://gaasterlandsenatuurweek.nl/activiteiten/

1e priis fan de publykssjuery