Nij diel Fryske natoergidsen oer beammen

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- Freed 28 maaie is it fiifde diel yn de rige Fryske natoergidsen fan Sake P. Roodbergen ferskynd. Dit diel giet oer beammen. It doel fan dizze rige is it op in hânsume manier beskikber meitsjen fan aktuele kennis fan de natoer yn Fryslân en it bydragen oan it brûken en fêstlizzen fan de Fryske soartnammen.

De gids bestiet út in yngeande beskriuwing fan de 70 meast foarkommende beammen yn Fryslân en fierder in wiidweidige ynlieding, in register en literatuerlist. As ekstra is in katern mei de tsien moaiste beammen fan Fryslân opnommen mei in QR-koade derby om se maklik fine te kinnen.

De natoergids waard troch de skriuwer oanbean oan Commissaris fan de Kening Arno Brok.

Boekynfo

Sake P. Roodbergen

Fryske Natoergids Beammen

224 siden, priis € 12,50

ISBN 978 949 2052 742

Afbeelding