Nijlân-ikoan Jouke Huitema ferstoarn

Sport
Foto vv Nijland
Foto vv Nijland

NIJLAN- De markante haadsponsor fan vv Nijlân is ferstoarn, lit it bestjoer fan de fuotbalferiening út it doarp op har site witte.

\n

 

“Op 3 jannewaris krigen wy it tryste berjocht dat ús grutske haadsponsor Jouke Huitema ferstoarn is. Jouke wie grutsk op ús doarp Nijlân en seker op de fuotbalferiening.

Jouke is al mear as 20 jier haadsponsor en hat ús feriening enoarm holpen. In prachtige tribune dy’t syn eigen namme draacht en it prachtige skoareboerd wiene in pear fan syn prachtige kado’s.

Eltse sneon wie er te finen yn de fjilden. Earst mei de jeugd en dan mei de earste, sawol thús as ut. Nei de wedstriid siet er noch efkes by syn jonges en doe kaam er al gau foarby mei in rûntsje broadsje mande. Sa wiene syn sneonen op syn bêst.

Spitigernôch is syn sûnens de lêste wiken minder wurden, mar dit hienen wy net ferwachte.

Wy binne ferslein troch dit berjocht en winskje elkenien sterkte mei dit ferlies.

Bestjoer vv. Nijlân”