Prachtich nij printeboek fan Mirjam van Houten

SNITS-By de Afûk is ferskynd it nije berneboek By beppe útfanhûs skreaun én yllustrearre troch Mirjam van Houten fan De Himrik (1977, Beetstersweach).

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe……

Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken. Tije waard ek nomineard foar de Simke Kloostermanpriis én is yn it Faeröersk oersetten.

Boekgegevens By beppe útfanhûs

Auteur: Mirjam van Houten

Utfiering: hurd kaft

ISBN: 978 949 315 9686

Ferkeappriis: € 14,95 www.afuk.frl