Priisfraach ‘It bêste (net-Nederlânsktalige) redaksjestik fan 2023’

Cultuur en uitgaan
Foto aangeleverd
Foto aangeleverd

SNITS- Op woansdei 21 febrewaris 2024 (Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal) rikt de gemeente Súdwest-Fryslân de priis foar ‘It bêste (net-Nederlânsktalige) redaksjestik fan 2023’ út. Doarps-, steds- en wykblêden wurde útnûge om mei te dwaan. Ek biedt de gemeente leden fan de redaksjes dit jier fergees in kursus Frysk skriuwen oan. (Nederlandse versie onderaan de pagina)

Betinksten

Doarps-, steds- of wykblêden meie op syn meast fjouwer stikken ynstjoere. 

De teksten moatte troch redaksjeleden fan de doarps-, wyk- of stedskrante skreaun wêze.

Ien redaksjelid mei mar ien tekst foardrage.

De tekst moat yn in krante fan 2023 publisearre wêze.

It sjenre en de lingte fan ’e tekst binne frij.

De tekst moat (hast) folslein yn it Frysk, Hypersk en/of Stedsk skreaun wêze.

De slutingsdatum is freed 5 jannewaris 2024.

De tekst wurdt oanlevere as Wordbestân, mei de namme fan ’e skriuwer derby, op frysk@sudwestfryslan.nl

Elke krante kin mar ien priis winne.

Wêr let de sjuery op?

Taalgebrûk: is de taal korrekt skreaun (foar safier’t der staveringsregels binne), binne de sinnen goed opboud en hat de skriuwer in rykdom oan wurden brûkt?  

Skriuwstyl: nûget it stik út fierder te lêzen en set it de lêzer oan it tinken?

Aktualiteit: slút it oan by de aktualiteit?

Watfoar prizen binne der?

De earste priis is 300 euro, de twadde priis 200 euro en de tredde priis 100 euro. Der binne gjin aparte kategoryen foar de trije (streek)talen. It kin dus wêze dat de earste priis foar in stik yn it Hylpersk is, de twadde priis foar in stik yn it Stedsk en de tredde priis foar in stik yn it Frysk.

Kursus Frysk skriuwen

De gemeente Súdwest-Fryslân biedt leden fan redaksjes dit jier fergees in kursus Frysk skriuwen fan de Afûk oan. Dat kin in groepskursus op lokaasje of in online selsstúdzje wêze. Sjoch foar de data en lokaasjes fan de groepskursussen op de webside fan de Afûk. Mei de online selsstúdzje kin thús fuort úteinsetten wurde. Wa’t gebrûk meitsje wol fan dit oanbod kin maile nei frysk@sudwestfryslan.nl.

Prijsvraag ‘Het beste (niet-Nederlandstalige) redactiestuk van 2023’

Op woensdag 21 februari 2024 (Internationale Dag van de Moedertaal) reikt de gemeente Súdwest-Fryslân de prijs voor ‘Het beste (niet-Nederlandstalige) redactiestuk van 2023’ uit. Dorps-, stads- en wijkkranten worden uitgenodigd om mee te doen. Ook biedt de gemeente leden van de redacties dit jaar gratis een cursus Fries schrijven aan.

Voorwaarden

Dorps, stads- of wijkkranten mogen maximaal vier artikelen insturen.

De teksten moeten door redactieleden van de dorps- wijk of stadskrant geschreven zijn.

Eén redactielid mag maar één tekst voordragen.

De tekst moet in een krant van 2023 gepubliceerd zijn

Het genre en de lengte van de tekst zijn vrij.

De tekst moet (bijna) volledig in het Frysk, Hylpers en/of Stadsfries geschreven zijn.

De sluitingsdatum is vrijdag 5 januari 2024.

De tekst wordt aangeleverd als Wordbestand, met de naam van de schrijver erbij, op frysk@sudwestfryslan.nl

Iedere krant kan maar één prijs winnen.

Waar let de jury op?

Taalgebruik: is de taal correct geschreven (voor zover er spellingsregels zijn), zijn de zinnen goed opgebouwd en heeft de schrijver een rijke verscheidenheid aan woorden gebruikt?

Schrijfstijl: nodigt het stuk uit tot verder lezen en zet het de lezer aan het denken?

Actualiteit: sluit het aan bij de actualiteit?

Welke prijzen zijn er?

De eerste prijs is 300 euro, de tweede prijs 200 euro en de derde prijs 100 euro. Er zijn geen aparte categorieën voor de drie (streek)talen. Het kan dus zijn dat de eerste prijs voor een artikel in het Hindeloopers is, de tweede prijs voor een artikel in het Stadsfries en de derde prijs voor een artikel in het Frysk.

Cursus Frysk schrijven

De gemeente Súdwest-Fryslân biedt leden van redacties dit jaar gratis een cursus Frysk schrijven van de Afûk aan. Dat kan een groepscursus op locatie of een online zelfstudie zijn. Kijk voor de data en locaties van de groepscursussen op de website van de Afûk. Met de online zeflstudie kan direct thuis begonnen worden. Wie gebruik wil maken van dit aanbod kan mailen naar frysk@sudwestfryslan.nl.