Radio Moanneljocht fan Tryater te belústerjen by Omrop Fryslân

SNITS- Tryater en Omrop Fryslân wurkje gear yn Radio Moanneljocht. Yn it ramt fan Tryater Rûnom - programma om foarstellingen hinne - drage skriuwers eigen wurk foar dat fan 3 oant en mei 12 maaie alle nachten nei it nijs fan 24.00 oere te belústerjen is op Omrop Fryslân Radio. Yn tsien koarte ôfleveringen litte de skriuwers harren eigen skreaune teksten hearre om ús yn it moanneljocht te setten. De ferhalen/gedichten (6 Fryske en 4 Nederlânske) binne ynspirearre op it tema fan de Tryater-foarstelling Nacht.

In útstjoering op dat lette tiidstip jout de lústeraar in momint om eefkes stil te stean by de moanne en te reflektearjen op de nacht. Iris Dicke, Hedwig Louise Bakker, Marijke Huisman, Remco Kuiper, Nelleke Wouters, Pieteke de Boer, Jeannette Boskma, Ydwine van der Veen, Ytsje Hoekstra en Roelien Klandermans hawwe harren dwaande holden mei fragen as ‘Hoe rûkt de nacht? Hoe klinkt de nacht? Wêr tinksto oan flak foar it sliepen gean?’ En ‘Wat sjocht de moanne, as se nei ûnderen ta sjocht?

De moanne ropt al sûnt minskheugnis wat fan magy op by de minsk. Hoe soe it der dêr útsjen? Kinst der wenje? As de dei op syn ein rint, wannear’t de stilte oer Fryslân lûkt, sjocht de moanne nei ús. Radio Moanneljocht lit syn ljocht skine op de minsk yn de tsjustere nacht. Wat hâldt dy wekker?

De skriuwers hawwe harren observaasjes ferwurke ta in gedicht foar de buorman mei sliepproblemen, in lied foar de sekswurker of in oade oan de pizzakoerier. Mei dizze kreatieve taaluteringen wol Radio Moanneljocht minsken graach optille út de deistige realiteit.