Resinsje/fotoferslach: FrIIS Festival Aldegea jout waarm gefoel

ALDEGEA (SWF)- Fuortendaliks at wij it Aldegea oan’e Brek binnenkomme is der it gefoel fan jin wolkom fiele, ja ek foar lju fan bûten it doarp. Feeërieke ferljochting en it karakteristieke lûd fan sjongend iis fersterkje dat gefoel. Winter yn septimber!

Justerjûn waard it theatrale muzykspektakel ‘FrIIS’ op’e iisbaan fan Aldegea opfierd. IIS is it mienskipsprojekt fan Arcadia, alle projekten fan IIS binne makke troch en/of mei de mienskip en dat wie yn Aldegea sûndermis it gefal. It wurdt Mienskip is tefolle brûkt as kliko, mar de Aldegeasters makken it hielendaal wier, dy ‘saamhorigheid’. It hiele doarp stie op it oerdekte ( ‘we fertrouden it waar net hielendal, dat op it lêste momint ha we in mânske oerkapping regele…’) poadium of stie as públyk op it iisbaanterrein, midden yn it doarp.

Stean! Dus gjin tribunes, en foar wa’t net in hiele jûn stean koe wiene der dan noch in tal striepakken om op te sitten. In goeie kar, want it fersterke it gefoel sa’t it eartiids wie at minsken nei de iisbaan gongen, dan waard der fansels riden, mar nei in pear rûntsjes kloften de riders bij mekoar en waard der praten, iis makket âlde ferhalen los.

Ek foar bûtensteanders

Dat barde justerjûn ek, en it gekke wie dat dy praterij net steurde. Oan’e oare kant kin ik my wol yntinke dat ferteller/akteur Gerrit Haaksma fol oan’e bak moast om it leafdesferhaal oer Pieter Klaas, soan fan’e doarpsdûmny en krease Akke. Haaksma die it mear as foartreflik! De ferhaalline ( Lieuwe van der Schaaf skreau it skript baseare op it boek Skoskerinne fan Cees en Johannes Walinga) referearde nei wierbarde saken om de iisklup hinne, mar wiene ek foar bûtensteanders goed te folgjen. Skoskerinne bygelyks is net allinne fan Aldegea, it is universeel yn winters Fryslân.

Muzyk

Wat in rykdom dat der noch sa’n fantastys korps yn Aldegea is! Eendracht Maakt Macht, tapasliker kin in namme net wêze. Want neist de wichtige rol dy’t E.M.M. yn it stik letterlik spile, wiene der de sjongers, fan lyts nei grut, fan semi-professionele talenten en ‘ûnder-de-dûs-sjongers’, se diene allegear mei. De muzikale hurdriders fan de ferskillende iisjierren songen de yn it Frysk oersette lieten fol oerstjoeging en mei entûsiasme. In grut komplimint foar oersetter Hans Andringa is hjir op syn plak. ‘Ride op de Brek’ foar ‘Dancing in the street’ fan Mick Jagger & David Bowie, ‘Kin ik it helpe’ foar ‘Can’t help falling in love’ fan Elvis en ‘Leaf lyts famke’ dat oarspronklik skreaun is as ‘Chiquitita’ fan Abba is prachtich. Hearlik om mei ‘IIS’, de Hazes knaller ‘Leef’ te einigjen.

De band Dear Mr Fantasy, it projekt- en bernekoar ûnder lieding fan Jeanetta Valkema, al dy solisten it klopte gewoan. Krekt sa as it dekôr en de oanklaaiing klopte.

Koartsein, Aldegea hat justerjûn sjen litten dat muzyk foar ferbining soarget, en dat is yn tiden fan polarisaazje hiel noflik. In hiel waarm gefoel!

It fraaie programmaboekje mei de teksten is in moai dokumint om al de teksten nochris rêstich nei te lêzen.

Foar fotoferslach: tik op pylkje fan de earste foto!

Henk van der Veer

 

 

 

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Groot Fryslân

Wees loyaal – aan onze vrienden