Sjongbondel Hindrik van der Meer

SNITS- By  útjouwerij “De Ryp” komt op 26 novimber in nijsgjirrige  sjongbondel út. De muzyk dy’t Hindrik van der Meer 50 jier lang brûkt en makke hat om mei alle mooglike groepen te sjongen, is bondele yn in mânsk boek. It formaat is grut, mei in ringbån en stevich papier.

De krapoan 140 lieten besjonge net allinne de skientme fan lânskip en taal, mar der stean ek canons yn, besinningslieten en in tal berneferskes fan Van der Meer, bedoeld om mei bern en âlden te sjongen.

Eltse kategory – der binne acht - wurdt tematysk foarôfgien troch in skilderij fan in Fryske keunstner. De foarkant jout dêr al in foarpriuwke fan.

Hindrik van der Meer (1938 Bantegea) hat muzykdosint west op’e Pedagogyske Akademy De Him yn Snits

(Chr. Pedagogyske Akedeemje) yn Snits. Ein jierren 60 hat er him dwaande holden mei berneferskes (Kwek,kwek,minemyn) en mei de ferneamde Sing in’s op twadde krystdei yn de SW Hoeke fan Fryslân.

 

 

 

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Groot Fryslân

Wees loyaal – aan onze vrienden