Sprekkers Frysk socht foar ûndersyk nei taalferoaring

Cultuur en uitgaan
Foto aangeleverd
Foto aangeleverd

LJOUWERT/GRINS- De Rijksuniversiteit Groningen en de Fryske Akademy binne dwaande mei in grut ûndersyk nei taalferoaring fan farianten fan it Frysk. Dêrfoar sykje sy sprekkers fan it Frysk (en streektalen) yn bepaalde plakken en fan bepaalde leeftiden. Falle jo yn de kategory? Doch mei! It duorret mar 10-15 minútsjes.

Sy binne op syk nei sprekkers fan regionale talen yn it noarden en easten fan Nederlân, lykas it Frysk, Stedsfrysk, Nedersaksysk en Nederfrankysk. Prate jo in lokaal dialekt fan ien fan dy talen? Of kenne jo in oar (yn ‘e buert of famylje) foar wa ‘t dit jildt? Wierskynlik kinne jo dan helpe!

Yn it ûndersyk freegje sy sprekkers om Nederlânske wurden oer te setten nei harren lokale taal en dat yn te sprekken. Dêrnei folget der noch in koarte fragelist. Dat kost ûngefear 10 -15 minuten. Boppedat kinne sy nei jo ta komme mei harren mobile laboratoarium, wêrtroch’t meidwaan oan it ûndersyk hiel maklik is.

Op dit stuit sykje sy noch de folgjende minsken:

Omjouwing Dokkum
– Mannen tusken de 51 en 57 jier âld
Omjouwing Grou
– Mannen tusken de 54 en 60 jier âld
Omjouwing Jobbegea
– Mannen tusken de 56 en 62 jier âld
Omjouwing Seisbierrum
– Mannen tusken de 61 en 67 jier âld
Omjouwing Snits
– Mannen tusken de 57 en 63 jier âld
Omjouwing Feanwâlden
– Mannen tusken de 67 en 73 jier âld
Omjouwing Warkum
– Mannen tusken de 57 en 63 jier âld

Opjaan kin hjir. Sjoch foar mear ynformaasje oer it ûndersyk hjir.