Start kampanje taal yn it sosjaal domein

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- Op tongersdei 17 septimber sette de Fryske gemeenten en de Afûk útein mei in ynformaasjekampanje Taal yn it sosjaal domein.

Mei dizze kampanje wolle we professionals yn it sosjaal domein bewust meitsje fan de wearde fan it oansluten by de taal fan de soarchfreger.

Wethâlder Mirjam Bakker fan gemeente Súdwest Fryslân en direkteur Alex de Jager fan de Afûk sille tegearre de ôftraap dwaan troch it magazine Taal yn de soarch te oerhandigjen oan it gebiedsteam Sneek Noord fan de gemeente Súdwest Fryslân.

It team Sneek Noord en de Afûk sille in jier lang oparbeidzje om it taalbewustwêzen yn it sosjaal domein te fergrutsjen en mei inoar te sjen wat professionals nedich hawwe om noch mear yn te spyljen op de foarkarstaal fan harren klant.