Sytse Jansma nei ynternasjonaal poëzyfestival yn Brussel

Cultuur en uitgaan
Foto: Welmoed Riemersma
Foto: Welmoed Riemersma

HARNS - Op moandei 26 septimber en tiisdei 27 septimber wurdt yn it ramt fan de Europeeske Dei fan de Talen foar de tolfde kear it ynternasjonale poezijfestival Transpoesie hâlden yn Brussel. It tema dit jier is “It Europeeske jier fan de jeugd”. Der binne foardrachten troch dichters út hiel Europa wei en yn Brussel binne op ferskate plakken posters en banners te finen mei de gedichten yn de oarspronklike taal en oersettingen yn it Frânsk en Nederlânsk. 

Dit jier is Sytse Jansma oanwêzich as fertsjintwurdiger fan de Fryske dichtkeunsten. It Skriuwersbûn hat him útkeazen om’t syn wurk in moai foarbyld is fan de rykdom en mooglikheden fan meartaligens en hy byldzjende keunsten en poezij op in kreative wize kombinearret. De dichter hat ferskate kearen de Rely Jorritsma-priis wûn en wie dit jier ien fan de minsken efter it projekt “Sprekende Stenen” yn Ljouwert.

It festival is op ôfstân te folgjen fia de sosjale media –fia @transpoesie op Twitter en op Facebook – en de berjochten fan Sytse Jansma sels. In earste filmke fan it gedicht “Myn brieven” foar dit festival is al online te besjen.