Tentoanstelling ‘10 jier Onder de Hoek’ yn de Lemster bieb

Cultuur en uitgaan
Tentoanstelling Onder de Hoek 10 ier yn Lemmer
Tentoanstelling Onder de Hoek 10 ier yn Lemmer

LEMMER - Onder de Hoek bestiet asen 10 ier en dat is reden för de makkers Wim Swart (tekenaar) en Stoffel Zandstra (skrûjer) om wat spesjaals te dwaan. Yn samenwurking mei de biblioteek Lemmer is it idee ontstien om in tentoanstelling yn de biblioteek te hâlden fan sneon 28 jannewary tot sneon 11 maart.

,,Mei de ekspositie en bijkommende aktiviteiten richtsje wij ús op alle bewenners yn alle leeftiidsgroepen yn Lemmer e.o. ‘Onder de Hoek’ is yn de 10 ier fan bestean útgroeid tot in bekend Lemster fenomeen’’, sa litte Swart en Zandstra witte.

De strips wurde troch hast 1800 minsken folge op Facebook, ferskynt ik alle kearen op LemsterNijs en Instagram en der binne yntussen trije stripboekjes útkôm: Onder de Hoek 1, In ier Onder de Hoek en
Onder de Hoek Eartiids. Yn dit lêste deel he we in beeld sketst fan De Lemmer tussen 1945 en 1970.

Grapke
De makkers: ,,As in grapke begien nei önleiding fan it opgean fan de Gemeente Lemsterlân yn de nije Gemeente De Fryske Marren, is Onder de Hoek sa stadichön net mear fut te tinken út de Lemster samenleving. Behalve aktuele saken mei de noadige humor onder de loep te nimmen, het Onder de Hoek ik as doel steld om it brúken fan it Lemsters as sprek- en skrûjtaal te beförderjen, te stimulearen en te ondersteunen.’’

Promoasje Lemmer en it Lemsters
Wim Swart en Stoffel Zandstra sjoche de tentoanstelling ek min of mear as in promoasje fan De Lemmer en it Lemsters ,,en we meitsje der dêrom echt wat bysonders fan. We jouwe in beeld fan it plak Onder de Hoek mei onder oaren grutte âlde foto`s; in makette fan Onder de Hoek; ynformaasje oer it ontstean fan it plak Onder de Hoek en we stalle fjidder alle artikelen fan stoffelenwimproduksjes út, wêronder natuurlik ús fameuze Lemster Lêsplankje.’’

Aktviteiten
Dêrnêst organiseare de mannen ek noch de folgjende aktiviteiten:
* in feestlike, ludike iepening fan de tentoanstelling op sneontemoarn 28 jannewary om 11.00 oere mei muzyk, in hapke en in drankje en de mooglikhyd om mei it Green Screen yn in Onder de Hoek achtergroon op `e foto te gean.
* in Workshop Striptekenje op freedtemidje 10 febrewary om 15.00 oere för jeugd fanou ongefear 8 ier
* in Lemster diktee op freedtemidje 3 maart om 15.00 oere för iderien dy dit leuk fynt.

,,De tentoanstelling is mooglik makke mei steun fan: Stichting Sjoerd Jouwerts Stapert Fonds, Kluger Graveer- en Signbedrijf, Iiskâld, Expert, By Kenneth, Sake Store, Breimer`s bakkerij, Focus en `t Anker allegêr fanne Lemmer.’’ Se beslúte mei: ,, Dit meie jim eigenlik gewoan net misse,juh! Wim Swart en Stoffel Zandstra.’’