Toanielselskip De Trochsetters stiet nei 2 jier op de planken mei ‘De treflike dokter Paul’

Cultuur en uitgaan
Toanielselskip De Trochsetters Eigen foto
Toanielselskip De Trochsetters Eigen foto

BALK - Toanielselskip De Trochsetters sil op freed 10 en sneon 11 febrewaris om 20.00 oere yn ‘e Treemter fan Balk eindelik it stik ‘De treflike dokter Paul’ opfiere. De haadrol dokter Paul is weilein foar Herman Mous, wêr’t de haadrollen de ôfrûne 2 jier foar dokter Gommers en Ernst Kuipers wiene. Dokter Paul en syn toanielspilers binne elk jier wol begûn yn septimber, mar kamen hieltiid net fierder en mochten wer yn’e wachtkeamer. Dit jier sil it heve!

It toanielstik spilet himôf yn in bistedokterspraktyk. It is mei grutte fantasy fan de skriuwer Henk Roede en de Fryske bewurking fan Roel Klijnstra, baseare op de Amerikaanske dokter Pol, ‘The incredible dr. Pol’. Dokter Paul nimt grutsk as in pau de praktyk oer fan dokter Vermeulen, dizze bistedokter wurd spile troch Titus Veldman. De oername fan de praktyk, de besikers mei harren bisten en alle oare bysûndere paradysfûgels meitsje it toanielstik mei alle misferstannen en dûbelsinnichheden tot in dolkomyske klucht en ta in hilaryske jûn.

Ekstra service
Pieter Homma, dy’t service yn it deistich libben al heech hat, lit ek hjir mei krekt dat stikje ekstra service, fan himheare op’t toaniel. Lianne Tuinier, Sjoukje Altenburg en Tine Haantjes hawwe harren debút, en by Tine soene je d’r reade earkes fan krije kinne. En as besiker fan’t toaniel sekers reade wangen of pine yn’t liif laitsjen.

,,Sa’n leuk toanielstik’’
Paulien Dooper, giet as doktersfrou Janke Vermeulen troch it libben. Sjoukje nimt har plak yn as ynstekster neist skilderes fan dekôr. Paulien koe it nei al dy jierren net litte om noch ien kear op ‘e planken te stean. ,,Want it is sa’n leuk toanielstik” neffens Paulien. En de oare toanielspilers fine dit grif ek! Hja ha sin om eindelik wer te flammen op toaniel.

Kaarten
Tagongskaarten à € 10,00 tsjin kontante betelling te keap by Mous Tweewielers, Van Swinderenstraat 45 yn Balk. (sjoch ek Facebook) De seal fan De Treemter yn Balk giet om 19.15 oere iepen. De toanieljún start om 20.00 oere.