Tredde printinge foar Tsjilp

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- Yn 2017 ferskynde it boek Tsjilp, 25 fûgelgedichten fan Eppie Dam mei lino’s fan Lienke Boot. It boek krige tige goeie resinsjes en wie rillegau ta oan in twadde printinge. Yn 2020 kaam it boek op ’e Honour list fan de IBBY priis en yn 2021 waard dizze priis útrikt yn Moskou.

Yn 2020 ferskynde de Nederlânske oersetting ek by útjouwerij DeRyp. Eppie Dam hie de oersetting yn eigen hân holden. Tsjilp waard doe Tjilp. En no, yn 2023, wurdt der noch hieltyd om it boek frege. Fandêr it beslút om te kommen mei in tredde printinge fan Tsjilp.

It boek is fanôf 20 maaie wer te krijen yn Fryslân.