YNSTJOERD-Arsjitekt Sjoerd Soeters: Wenningbou Lelyline fernielt Fryslân

Politiek
Afbeelding

SNITS- Ferniel it Fryskê lânskip net en jou doarpen de romte om op lytse skaal út te wreidzjen. Dat seit de ferneamde arsjitekt Sjoerd Soeters fan Amsterdam yn in podcast fan FNP Súdwest-Fryslân.

Soeters – berne op It Amelân – lit him yn it podcast-petear ek út oer de Lelyline. As dy der al komt, dan moat sa’n spoarferbining net keppele wurde oan de bou fan 45.000 húzen, warskôget er. ,,Gezien de prognoses heb je slechts 10.000 nieuwe huizen nodig voor de vraag in eigen provincie.’’

De oare 35.000 huzen nimme in te grut beslach op it iepen Fryske lânskip. ,,Want gestapeld wonen hoef je niet aan te bieden. Het merendeel wil de Randstad namelijk alleen verlaten voor een huis met een tuintje. Daar zou je een gebied zo groot als Drachten voor nodig hebben. Ik zou zeggen: doe het niet!’’

Soeters sjocht wol kânsen foar grutskalige wenningbou, mar dan allinne yn de grutte plakken. Bygelyks troch âlde korporaasjewenten te ferfangen troch wat hegere kompleksen. Lytse doarpen moatte beheind groeie kinne. ,,Gemeenten hebben gemiddeld een uitbreidingsbehoefte van 2,8 procent. Het ene dorp heeft dan 1,5 huis nodig, het andere bijvoorbeeld tien. Breid dus uit naar aard en schaal.’’

De FNP wol ek dat lytse doarpen op dy manier groeie kinne. En dan ek noch sa dat elk – fan jongerein oant âlderein - de kâns krijt yn eigen doarp wenjen te bliuwen. Fanwege dat is it Oanfalsplan Wenningbou makke, seit Tsjerk Bouwhuis yn de podcast. Bouwhuis is FNP-listûker by de kommende ferkiezings yn Súdwest-Fryslân.

It startersmodel yn dat Oanfalsplan jout foarrang oan ynwenners en Friezen om utens. Troch in erfpachtkonstruksje wurdt de keeppriis ferlege. De grûn bliuwt fan de gemeente en de gemeente finansiert 30 prosint fan de wenning. Dêrnjonken is foar de hiersektor in húsfêstingsferoardening nedich. Dy kin der bygelyks foar soargje dat der mear stjoer op it ferdwinen fan goedkeape hierwennings komt. Ek kin de toeristyske ferhier dêr mei ûntmoedige wurde.

In plan fan minister Kajsa Ollongren fan Binnenlânske Saken slút neffens Bouwhuis moai oan op it Oanfalsplan fan de FNP. It ministeerje wol foarrang jaan oan minsken út eigen wenplak en minsken dy’t in ekonomyske bining ha mei de streek, bygelyks omdat sy dêr wurkje. Op de Waadeilannen en yn Zaanstad wurket dit al sa.

In oare manier om doarpen op maat út te wreidzjen is dat bewenners sels grûn keapje en yn ‘e mande mei de gemeente in bestimmingsplan meitsje. René Feenstra die dit fan 2009 ôf yn Easterlittens. It slagge yn 2,5 jier om de grûn bouryp te meitsjen foar 11 keapwennings. De eardere gemeente Littenseradiel jûch harren de romte. Yn de podcast seit Feenstra dat er ree is oare doarpen te helpen mei it konsept.

Soeters is entûsjast oer dizze wurkwize. De provinsje en gemeenten moatte de bewenners hjir dan by helpe en net te folle regels oplizze, fynt de arsjitekt. Wol is in bydkwaliteitsplan nedich om nije wite skimmel foar te kommen.

De ôfdieling Súdwest-Fryslân woe foar in témajûn oer wenjen sprekkers útnûgje. Dat koe fanwege koroana net trochgean. Yn de podcast binne se dochs noch te belústerjen. It doel is de témajûn letter yn it jier wól trochgean te litten. De sprekkers fan de podcast kinne dêr dan befrege wurde. Harkje hjir nei de podcast: https://soundcloud.com/fnp-fryslan/8-wenningbou-fnp-fryslan-podcast