YNSTJOERD / FNP DFM lit har ynformearje oer tydlike (hier)wentebou

Politiek
Foto Gerda de Vries
Foto Gerda de Vries

DFM - In delegaasje fan FNP de Fryske Marren hat yn ús buorgemeente it Hearrenfean op moandei 22 maart in koroanafeilige wurkbesite brocht oan it bedriuw Kleine Woningen. Dit bedriuw produsearret betelbere wenten dy’t neffens it Boubeslút boud wurde, sa fertelde Roelof Otter. ‘De ‘kleine woningen’ kinne op in frachtwein ferfierd wurde en binne yn ferskate ôfmjittings, foarmen en útfieringen te keap. Se binne gasleas en kinne mei sinnepanielen levere wurde.’

Otter liet sjen dat se modulêr boud wurde wêrtroch útwreidzjen, oan elkoar skeakelje en sels stapelje mooglik is. Kleine Woningen is yn petear mei ferskate gemeenten yn en bûten Fryslân; sa binne se fan start gongen mei de bou fan tritich sosjale hierwenten yn Almere Oosterwold dy’t foar 30 jier stean kinne. Op betingst dat der sosjale hierwenten komme, hat dy gemeente dêr tastimming foar jûn en jout sels koarting op de kavels.

De FNP tinkt dat soks yn De Fryske Marren ek in oplossing wêze kin foar it grutte ferlet fan (hier)wenten. Dochs ha dizze boumooglikheden mar in tydlik karakter. De FNP wol yn de doarpen ynsette op wentebou, want benammen út de doarpen wei is dêr in soad fraach nei. Jochum Meester: ‘Us alderein hat it dreech om lytser wenjen te gean, wylst ús jongerein al jierren op in wachtlist steane of gjin betelbere wenten fine kinne. De wenten dy’t al te keap komme, wurde hiel rap en fier boppe de fraachpriis ferkocht en meastentiids ek noch oan minsken dy’t fanút oare parten fan ús lân hjir hinne ferhúzje.’

En hierwenten? De wenningkoöperaasjes bouwe no allinne hierwenten yn de grutte plakken De Lemmer, Balk, Sint Nyk en De Jouwer. Dat kin oars. By it besprekken fan de Wenfisy 2019-2023 hat ús fraksjelid Chris van Hes al in tasizzing krigen fan de wethâlder om de doarpen dy’t sels plannen ha, foldwaande amtlike stipe te jaan. Ek hat de FNP doe frege om in breed ûndersyk nei tydlike hierwenten as ûnderdiel fan in stúdzje nei fleksibele wenkonsepten. De ried wachtet noch hieltyd op de resultaten fan dit ûndersyk fan b&w. Yn de tuskentiid besiket de fraksje har te ynformearjen troch sels by inisjativen lykas Kleine Woningen del te gean. De FNP fraksje stribbet der nei om de wentebou, sawol tydlik as permanint, yn ús gemeente sa gau mooglik fan de grûn te krijen en freget op har webside defryskemarren.fnp.frl oan ynwenners en organisaasjes om stipe om dat doel te heljen.

FNP De Fryske Marren