Diggelfjoer Wommels wint lêste earste priis bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk 2017
“It is in ynhâlden ferslach oer grutte, yngripende gebeurtenissen yn de libbens fan twa ‘gewoane’ (en dat stiet hjir mei sin tusken oanhellingstekens) manlju. It is in lêsber, nijsgjirrich en gefoelich stik wurden.” De skriuwer fan it stik is der neffens de sjuery goed yn slagge om by de lêzer in gefoel te kreëarjen fan ferbining mei it ferhaal en de ferwurking dêrfan. Rûnkranter twa kear yn de prizen De sjuery wie unanym fan betinken dat it stik “Prakkesaasje” oer it swijen fan de tsjerkeklokken út de Rûnkranter fan Weidum/Jellum/Bears de twadde priis fertsjinnet.

“It is in mildkrytysk, beskôgjend en weemoedich stik mei in swymke selsspot dat soarget foar stille wille”, sa fynt de sjuery. De tredde priis giet nei it stik “In tút mei in dakje”; ek út de Rûnkranter. Dit stik foel de sjuery op, om’t it in oarssoartich stik is mei passende yllustraasjes yn byld en sprekkende anekdoatyske, ferdúdlikjende mini-stikjes. It doel fan de rubryk, de lêzer better thús reitsje te litten yn it Frysk, wurdt neffens de sjuery op in boartlike, net belearjende wize berikt.
De sjuery De sjuery dy’t alle bydragen besjoen hat, bestiet út Gerrit Hoekstra fan Winsum, Margriet Groenveld fan Hidaard en Sjoerd Bottema fan Weidum. It sjueryrapport It folsleine sjueryrapport en de priiswinnende stikjes fine jo op de webside fan de gemeente: www.littenseradiel.nl.













