Prizen Frysktalige doarpssjoernalistyk Littensradiel
De nominearren Hjirûnder de trije stikken dy’t nominearre binne: · ‘Prakkesaasjes’ (“Hoelang moatte jo klokliede...”) fan de Rûnkranter (Weidum/Jellum/Bears) · ‘Hy hat my wer takomst jûn’ fan Diggelfjoer (Wommels) · ‘In tút mei in dakje’ (beide stikjes) fan de Rûnkranter (Weidum/Jellum/Bears). Doarpskrante Diggelfjoer fan Wommels wûn de earste priis yn 2011; de earste edysje fan de wedstryd. De Rûnkranter sleepte yn 2014 de earste en de tredde priis yn de wacht. Prizejild It prizejild fan € 500,00 wurdt ferdield oer de trije nominearren. De winner fan de earste priis krijt in jildbedrach fan € 250,00, de twadde priis is € 150,00 wurdich en de tredde priis € 100,00. It jild is net foar de skriuwer fan it stik mar foar de krante, om sa de kwaliteit noch fierder ferbetterje te kinnen.














