Boek oer acht ieuwen keatshistoarje en keatskultuer
Fryslân - Tiisdei 31 july ferskynt Lytse bal, grut spul fan Pieter Breuker, in boek oer acht ieuwen keatshistoarje en keatskultuer. It is taspitst op Fryslân, mar omdat rûnom op de wrâld noch oare keatsfarianten spile wurde, sjocht de auteur ek geregeld oer de grinzen, te begjinnen yn Nederlân. De fjouwer haadtema’s binne (keatsen en): Histoarje; Kultuer algemien; Taal; Literatuer. De auteur leit hieltiten ferbiningen tusken keatsen en kultuer en snijt dêrtroch ûnderwerpen oan dy’t yn de algemiene oersjoggen koart of hielendal net oan de oarder komme.

It boek begjint mei in ferbinende, algemien-(kultuer)histoaryske ynlieding op it ûnderwerp. Dan folgje 32 earder ferskynde artikels, yn Fryslân en om utens. Dy binne foar dizze útjefte allegearre opnij bewurke. Fan de 32 bydragen binne 21 yn it Frysk en 11 yn it Nederlânsk skreaun. In wiidweidige ynhâldsopjefte en registers op persoanen en op plaknammen ferheegje de tagonklikens fan it boek.
Boekynfo:
-
\t
- Boekfersoarging: Barbara Jonkers \t
- Utfiering: hardcover, full-colour \t
- 384 siden, priis € 35,00













