Algemeen

Keninklike ûnderskieding foar Koen Eekerk

Oosterwierum - By de fiering fan it 10-jierrich bestean fan m.f.s. De Tysker yn Easterwearrum op 29 novimber, krige Koen Eekerk (80 jier) ta syn ferrassing in Keninklike ûnderskieding foar syn jierrenlange ynset yn it doarp. Hy waard beneamd ta ‘Lid in de Orde van Oranje-Nassau’. De hear Eekerk set him, wêr ‘t hy kin, al sûnt 40 jier yn foar Easterwierrum. Net allinne as koster fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, mar ek as frijwilliger by De Tysker en it Berne Iepenloftspul noait waard om ‘e nocht in berop op him dien.

Afbeelding

Hy stiet foar elkenien klear, altyd mei in fleurich sin en grutte belutsenens. Lytse foarbylden dêrfan binne ierappels skile foar de jierlikse spulwike, it tsjerkehôf ûnderhâlde, by snie de stoepe skjin meitsje, it ferkear regelje by de Slachtemaraton, ensafuorthinne. Sa as ien fan de oanfregers it omskriuwt: “Koen is in doarpsminsk, elkenien kent him en hy kent elkenien. Koen makket de spreuk fan Easterwierrum mear as wier, ‘Libje foar én mei inoar’.

It lintsje waard him opspjelde troch boargemaster Johanneke Liemburg.

Afbeelding